De Stulp (tsjerke)
De Stulp is it tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente fan Lage Vuursche yn de gemeente Baarn yn de provinsje Utert.
Skiednis
bewurkje seksjeOp 5 juny 1657 waard de earste tsjerketsjinst hâlden yn de skuorre fan pleats 'De Stulp' efter kastiel Grut Drakestein. Yn datselde jier stelde baron Gerard fan Reede in stik grûn beskikber foar de bou fan in tsjerke dy't yn novimber 1659 yn gebrûk nomd waard. (Van der Aa neamt 1650 as boujier, mar yn in ûnderskrift by in gravuere fan de tsjerke stiet it jiertal 1648). De hearen fan Hooge Vuursche, Pijnenburg en Splinterenburg folgen it foarbyld fan Gerard yn it beskikber stellen fan in romme finansjele bydrage. De stêden Amsterdam en Alkmaar beslueten jild te jaan. De wapens fan Amsterdam en Alkmaar hawwe lange tiid oan beide kanten fan de tagongsdoar hong. De tsjerkemuorren binne foar it meastepart boud fan de ôfbraak fan in kleaster bûten de Wite Frouljupoarte yn Utert. Henriette van Reede, in dochter fan de Ambachtshear, skonk de tsjerklike gemeente in sulveren jûnsmielbeker en soe ek ien of mear skildere ramen mei famyljewapes oanbean hawwe.
It is de ienige tsjerke yn it doarp dat út inkele strjitten bestiet, en in lytse 300 ynwenners telt. Oer net al te lange tiid drigen minsken beïerdige te wurden yn keninklike grûn omt it begraafplak by de tsjerke fol rekket. Keninginne Beatrix hat de herfoarme gemeente dêrom ± 400 m² grûn skonken.
Bou
bewurkje seksjeDe tsjerke is boud yn de foarm fan in krús mei koarte dwersearms en in trijesidige sluting út 1658 yn tradisjoneel goatyske foarmen. Der is in dakruter en de muorren wurde skreage troch pilasters. Binnenyn sitte houten tonferwulften. It ienklaviers oargel is yn 1881 makke troch de bruorren Van Oeckelen. De klokkestoel mei klok fan Petit en Fritsen út 1938 hat in trochsneed fan 48,8 sm. Yn 2009 waard fan de herfoarme gemeente te Ankeveen in preekstoel út 1640 kocht. De preekstoel moast wol in kwartslach oars stean as yn Ankeveen.
Keninginnebank
bewurkje seksjeEartiids stelde it tsjerkebestjoer faak lâneigeners in eigen tsjerkebank ter beskikking, dêr't lykwols wol wat foar werom ferwachte waard. Ek de eigeners fan it lângoed Ewijckshoeve hiene in eigen tsjerkebank. Dit bûten lei op de tsjerklike grins fan Lage Vuursche mei Den Dolder. It hûs foel lykwols ûnder de tsjerklike gemeente fan Lage Vuursche. De eigenaresse, frou Walraven Fisler, berne Van der Hulst ferstjert en wurdt op 31 maart 1871 begroeven. Hja hat earst troud west mei Van Toorneburg, Gildemeester, en Walraven Fisler, dy't allegearre al ferstoarn binne. Har twadde man, Daniël Jacobes Gildemeester, hie yn syn testamint oanjûn dat hy yn Lage-Vuursche beïerdige wurde woe. Om ûnbekende reden is erlykwols yn syn berteplak Kleef te hôf brocht. Fan har earste man hat frou Walraven Fisler in dochter, út harren oare houliken kamen gjin bern. Dizze dochter út har earste houlik is troud mei jonkhear Van Steijn, intendant fan it Loo. De dochter en skoansoan binne foar 1871 al ferstoarn. De sân pakesizzers fan Van Steijn erve mei elkoar de Ewijckshoeve. Se binne op dat stuit noch frij jong en hawwe gjin belangstelling foar it lângoed, dat dêrom iepenbier ferkocht wurdt.
De heechste bieder is Prins Hendrik fan de Nederlannen. Hy hat fan syn heit, Kening Willem II, Soestdyk al urven en dêrfan grutte stikken ferkocht yn ferbân mei de oanlis fan it spoar Amsterdam-Amersfoort. Faaks wie de oankeap fan de Ewijckshoeve in soarte werynvestearring. Hy stie bekend as Prins Hendrik de Seefarder, omdat hy in soad skipsreizen makke. Hy hat ûnder oare Skout-by-nacht en fise-admiraal west. Op de oankeapdatum fan de Ewijcks Hoeve wie hy al troch syn broer, Kening Willem III, oansteld as Steedhâlder fan Lúksemboarch.
De tsjerkefâden beslueten de tsjerkebank werom te nimmen fan de family Van Steijn en biede him nei in grutte opknapbeurt (dy't oars út frijwillige bydrage betelle wurdt) oan Prins Hendrik fan de Nederlannen oan. Dy nimt it oanbod oan en betellet 300 gûne jiers foar it brûken derfan. It is de fraach oft er der in soad gebrûk fan makke hat. Syn tredde houlik is op 24 augustus 1878. Hy trout dan mei prinsesse Maria Elisabeth Louise Frederika fan Prusen. Op 13 jannewaris 1879 fertsjert prins Hendrik lykwols hommels yn Lúksemboarch. De tsjerke fielt der op dat stuit neat foar om de oerienkomst te ûntbinen en dus bliuwt de tsjerkebank yn gebrûk by de keninklike family.
Letter brûke keninginne Emma en noch letter har dochter Wilhelmina de bank. De betelling fan 300 gûne jiers bliuwt bestean, alhoewol't keninginne Emma wol inkele kearen ynfloed besocht te krijen op it beroppingswurk. De destiidske bank stie oan de noardside fan de tsjerke. Der wie in spesjale doar makke, sadat de gasten net de hiele tsjerke troch hoegden te rinnen. Oan de kant fan it tsjerkhôf is noch te sjen dat de doar by de restauraasje fan 1938 wer tichtmitsele is. It wapen fan de bank siet der doe al yn. De bank hie griene floers gerdinen en der wie in aparte bank foar it personiel. Hy stie wat skean yn de hoeke en wie wat heger pleatst. Mei in opstapke koe yn de bank stapt wurde. De tsjerkebank is yn de folksmûle dan al omdoopt yn Keninginnebank.
By de restauraasje fan 1938 is hy hielendal sloopt en yn fernijde foarm oan de súdside wer opboud. Ek de bûtendoar ferhuze mei. Keninginne Wilhelmina skynt dêr gjin gebrûk fan makke te hawwen, hja kaam leaver gewoan troch de tsjerke. In inkele kear is de tsjerkebank nei 1945 noch brûkt troch keninginne Wilhelmina. Doe't dy nei It Loo fehuze is de bank net mear brûkt. Doe't prinses Beatrix nei De Haach ferfear, hat it keningshûs oanjûn de oerienkomst beëinigje te wollen (it bedrach wie doe al wol oanpast) en krige de tsjerke in donaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |