De Lage Hoek (Heechwâld)
De Lage Hoek is in poldermûne yn it buorskip Langereis by Heechwâld yn it bûtengebiet fan 'e Noard-Hollânske gemeente Opmar. De namme De Vier Winden waard yn 1960 jûn troch de doetiidske bewenner en dêrfandinne komt ek dy namme noch wol foar, mar de hjoeddeiske eigner erkend dy namme net. Eigner fan 'e mûne is de Stifting 'De Westfryske Mûnen'.
De Lage Hoek | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Opmeer | |
plak | Heechwâld | |
adres | Langereis 2 | |
koördinaten | 52° 42'N 4° 54'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 26,2 m | |
boujier | 1891 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31793 | |
Webside | ||
Stifting Westfryske Mûnen | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksje'De Lage Hoek' waard yn 1891 boud foar it drûchhâlden fan 'e polder mei deselde namme en ferfong in âldere mûne, dy't ôfbaarnd wie troch bliksemynslach. Ynearsten hie de mûne in skroef fan stiel, mar hjoed-de-dei hat de mûne wer in houten skroef.
It skeelde net in soad of de mûne hie der net mear stien. Yn 1960 krige de mûne by in stoarm de silen op 'e hakken en der koe mar krekt tefoarren kommen wurde dat er ôfbaarnde.
De mûne is mealree en wurdt by in soad wetter tegearre mei it gemaal oan it wurk set.
Beskriuwing
bewurkje seksje'De Lage Hoek' is in achtkante muonts en lykas in soad Noard-Hollânske poldermûnen in binnenkruier. De houten skroef hat in diameter fan 1,9 meter en de skroefbalke sels in diameter fan 60 sintimeter. By genôch wyn kin de skroef likernôch 50 oant 60 m³ wetter ferwurkje. It wjukkekrús makket 20 draaiïngs en de úteinen fan 'e wjukken hawwe dan in gong fan likernôch 99 kilometer yn 't oere. De mûne hat in flecht fan 26,2 meter.
De kap fan 'e mûne hat in oare foarm as oare binnenkruiers yn Noard-Hollân. Op fersyk fan 'e doetiidske mûnder is de kap heger makke, sadat er ienfâldiger de as smarre koe, itjinge noch jimmeroan mei rizel (it búksmoar fan 'e baarch) dien wurdt.
Allinne op 'e Nasjonale Mûnedei en op Iepen Monumintedei is de mûne te besjen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
- (ned) De mûne op de side fan it Westfrysk Genoatskip
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|