De Volharding (Jislum)
De Volharding is in poldermûne by Jislum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen.
De Volharding | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn oktober 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Jislum | |
koördinaten | 53° 17' N 5° 52' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 9,30 meter | |
boujier | 1872 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | De Fryske Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38728 [1] | |
Webside | ||
Side De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Volharding is in muonts en stiet likernôch in heale kilometer westlik fan Jislum oan de Aldfeart. De mûne waard yn 1872 boud foar it bemeallen fan de 50 ha grutte polder 'Ald Piip'. Hy koe yn it earstoan yn- en útmealle. Yn 1955 ferlear De Volharding syn funksje en rekke yn ferfal. De mûne wie yn 1972 de earste dy't yn besit kaam fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him ek restaurearje liet. Dat barde nochris yn 1994. Yn 2000 krige de mûne in nije fizel. De Volharding waard yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.
Yn 2019 gyng nei in restauraasje fan de wetterrinnen troch in gearrin fan omstannichheden it wjukkekrús foar in part ferlern. Om de skea te beheinen is de kape ferwidere en de romp ôfdutsen.[2] Fanwegen in fersekeringskwestje duorre it oant oktober 2022 dat it ryksmonumint restaurearre waard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Volharding is in houten achtkante muonts op stiennen fjildmuorren, dekt mei daklear en in flecht fan 9,30 meter.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|