De Waarbeek is in attraksjepark yn Hengelo yn de provinsje Oerisel. It park is yn 1924 begûn as teehûs mei boarterstún en is útgroeid ta in attraksjepark, dat him benammen rjochtet op famyljes mei bern tusken de trije en tolve jier.

De Waarbeek
  ferdivedaasjepark
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hengelo
plak Hengelo
adres Twekkelerweg
koördinaten 52° 14' NB, 6° 48' EL
bysûnderheden
type Attraksjepark
eigner Famylje Moespot
iepen 1924
oerflak 3,6 ha
attraksjes 26
achtbanen 3
wetterattr. 3
skiednis
iepening 20 april 1924
gebou
boujier 1924
offisjele webside
Webstee De Waarbeek
kaart
De Waarbeek (Oerisel)
De Waarbeek
Lokaasje De Waarbeek

It park waard earste peaskedei 1924 iepene as "Teehûs De Waarbeek". De grûn waard mids 1923 troch de bruorren Jan Hendrik en Herman Smit by de publike ferkeap op it fersyk fan de erven H. Hulshoff Pol út Hengelo kocht. Op dit plak wie troch Hulshoff Pol yn eardere jierren in Ingelske tún oanlein mei ûnder oare twa fivers. Ien fan dizze fivers hat noch lang yn gebrûk west as roeifiver mei roeiboaten.

Fierder wie der yn dizze Ingelske tún in tennisbaan mei teekoepel. It park wie doe noch net mear as in boarterstúntsje. Yn de begjinjierren koe men fan Stopplak De Waarbeek ôf, dat op 'e hichte fan de Kettingbrugweg oan de steatsline D lei it spoar fan Sutfen nei Glanerbrug, troch de bosk nei "De Waarbeek" rinne.

As ien fan de earste grutte attraksjes waard "De Rodelbaan" pleatst. "De Rodelbaan", yn werklikheid in achtbaan, waard yn 1930 boud troch it park sels en wurdt beskôge as ien fan de âldste noch wurkjende stielen achtbanen fan de wrâld.

Yn 2009 kamen der twa nije eigeners, Joris Bengevoord en Arijan van Bavel, se joegen it park yn trije jier tiid in lytse opknapbeurt. Der waarden fiif attraksjes tafoege. Bengevoord en van Bavel ferkochten yn 2018 oan de famylje Moespot. Yn 2022 kamen der fiif nije attraksjes. Wêrûnder achtbaan "Rupsje Mea" dat earder yn park De Valkenier yn Limboarch stie, mar fanwegen wetterskea slute moast.

De Rodelbaan

bewurkje seksje

"De Rodelbaan" is in stielen achtbaan, it is de grutste publykslûker fan it attraksjepark, benammen fanwege de histoaryske wearde dêrfan. De Rodelbaan waard yn 1930 iepene en is noch yn gebrûk, wêrmei't it mooglik de âldste noch wurkjende stielen achtbaan fan de wrâld is.

De achtbaan waard troch "De Waarbeek" sels boud, út ûnderdielen levere troch it Japanske bedriuw "ACA". De karren biede plak oan fjouwer persoanen, al wurdt it mei min waar noch wolris ferbean om in karre mei mear as twa persoanen te brûken. Fanwegen it gefaar fan trochskowen wurdt de attraksje by swiere rein sels hielendal sletten. Dit hat te krijen mei it "skidbrake" remsysteem fan de attraksje, dat frijwol by gjin inkelde oare achtbaan brûkt wurdt. Dit remsysteem sit net yn de karren mar yn it einstasjon. Dêr drukke remstêven har tsjin in plaat oan de ûnderkant fan it karke en triuwe dat omheech. Ek de rest fan de technyk is ûngebrûklik foar achtbanen, lykas de tsjillen dy't oan de binnenkant in gruttere diameter en flinzen hawwe, in systeem dat troch de spoarwegen wol brûkt wurdt. De karren hawwe sûnt in pear jier bûgels foar de feiligens dy't bestean út in metalen buis op in fêste hichte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: