Decapitated is in Poalske deathmetalband yn 1996 oprjochte troch gitarist Vogg en syn jongere broer drummer Vitek yn Krosno, Woiwodskip Subkarpaten. De band brocht yn 2000 syn debútalbum Winds of Creation út. Yn 2007 hâld de band der nei in slim ûngelok mei harren toerbus mei op, mar makke yn 2009 in trochstart. De teksten fan de band gean benammen oer nihilisme, kwea en misantropy. Decapitated hat acht studio-albums en twa live-albums útbrocht.

Decapitated
band
Decapitated yn 2017
Decapitated yn 2017
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Poalsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 19962007,
2009 -
label(s) Earache,
Nuclear Blast
âld-leden Vitek drums (1996-2007) †
Sauron sang (1996-2005)
Martin bas (1997-2005) (2006-2007)
Covan sang (2005-2007)
Heinrich bas (2009-2011)
Krimh drums (2009-2012)
Młody drums (2014-2018)
Hubert Więcek bas (2016-2020)
leden
Sang Rasta
Gitaar Vogg
Bas Paweł Pasek
Drums James Stewart

Bus ûngelok bewurkje seksje

 
sjonger Covan yn 2006
 
drummer Vitek yn 2006

Op 29 oktober 2007 rekke de band yn Wyt-Ruslân belutsen by in slim ûngelok. In frachtwein laden mei hout botste op harren toerbus. Drummer Vitek en sjonger Covan rekken slim ferwûne. Vitek ferstoar in pear dagen letter op 2 novimber yn de âldens fan 23 jier oan syn ferwûningen. Sjonger Covan rekke yn in koma en hold mearfâldige beheiningen oer oan it ûngelok, Covan moast dêrtroch ophâlde mei syn wurk as sjonger.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Singles
Winds of Creation 11 april 2000 Earache
Nihility 19 febrewaris 2002
The Negation 9 maart 2004
Organic Hallucinosis 7 febrewaris 2006
Carnival Is Forever 12 juny 2011 Nuclear Blast
Blood Mantra 30 septimber 2014 The Blasphemous Psalm to the Dummy God Creation
Anticult 7 july 2017
Cancer Culture 27 maaie 2022

Live-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label
Live Nottingham 20 Dec 2004 2006 Earache
Human's Dust 9 juny 2008 Metal Mind

Kompilaasje-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op
The First Damned 2000
Tribute to Vitek 22 novimber 2007

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: