Delmira Agustini (24 oktober 18866 july 1914) wie in Urûguayaans dichteresse; sy wurdt beskôge as ien fan de grutste froulike Latysk-Amerikaanske dichters fan de iere 20e iuw.

Delmira Agustini

Delmira wie de dochter fan Italjaanske ymmigranten. Agustini wie in foarlik bern; mei tsien jier begûn hja al te dichtsjen. Letter studearre sy Frânsk, muzyk en skilderjen.

Agustini skreau foar it blêd La Alborada. Sy hearde ta de 'Generaasje fan 1900', mei Julio Herrera y Reissig, Leopoldo Lugones en Rubén Darío, dy't hja as har learaar beskôge. Darío fergelike Agustini mei Teresa fan Ávila; hy ferklearre dat Agustini de iennichste frou sûnt dy hillige wie, dy't har as frou oppenearre yn har wurk.

Sy lei har spesjaal ta op frouljus seksualiteit yn in tiid dat de literêre wrâld oerhearske waard troch manlju. Agustini har wurk kin goed yndield wurde by de earste faze fan it modernisme, mei temas grûnfêste op fantasy en eksoatyske ûnderwerpen.

Eros, de god fan de leafde, symbolisearret en is de ynspiraasje foar erotyk yn Agustini har gedichten oer seksueel genietsjen. Eros is de haadfiguer yn in protte fan Agustini's literêre wurk. Sy hat har tredde boek sels oan him opdroegen, Los Cálices Vacíos ('Lege Tsjelken') út 1913, dat beskôge wurdt as har entree fan in nije literêre streaming, "La Vanguardia" ('De Wyngert').

Agustini hie blauwe eagen, in ljochte hûd en in slank figuer. Guon hawwe ferklearre dat sy op in ûnskuldige ingel like. As dochter út in foaroansteande famylje krige Agustini alles wat se nedich hie en rekke sy ek bedoarn. Dy oerfloed oan leafde sûnder betingsten late yn har wurk ta tema's as ûnderwerping en fergeastlike eroatyske fantasyen.

Persoanlik libben en dea

bewurkje seksje
 
Delmira op har brulloft

Agustini troude mei Enrique Job Reyes op 14 augustus 1913, mar ien moanne letter gie sy al by him wei. Harren skieding waard op 5 juny 1914 offisjeel regele. Wer in moanne letter skeat Reyes Agustini twaris yn de holle, mei har dea fan gefolgen; neitiid die Rey himsels te koart. Sy stoar yn harren hûs yn Montevideo, Urûguay.

Sy kaam te hôf op it Sintraal Begraafplak fan Montevideo.

Wichtige útjeften:

  • El libro blanco (1907).
  • Cantos de la mañana (1910).
  • Los cálices vacíos (1913).
  • El rosario de eros (1924, postúm).
  • Los rastros del abismo (1924, postúm).
  • Correspondencia sexual (1969, postúm).

Keppelings om utens

bewurkje seksje