Rubén Darío (Spaanske útspr.: [ru'βɛn dar:'io]), wiere namme: Félix Rubén García Sarmiento; Metapa, 18 jannewaris 1867León, 6 febrewaris 1916) wie in ferneamd Nikaragûaansk dichter, skriuwer, diplomaat, sjoernalist en toanielskriuwer. Hy stie oan 'e widze stie fan 'e Latynsk-Amerikaanske literêre beweging dy't it modernismo neamd wurdt (net te betiizjen mei it modernisme), en dy't him oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw jilde liet. Darío hat in grutte en duorjende ynfloed hân op 'e tweintichste-iuwske Spaansktalige literatuer en sjoernalistyk. Hy wurdt wol de "Foarst fan 'e Kastyljaanske Letteren" neamd, mar syn rom is fierhinne postúm; by syn libben ferkearde er gauris yn jildneed. Hy bedripte him mei alderhanne banen en amten yn 'e sjoernalistyk en de diplomasy, en brocht it úteinlik sels ta ambassadeur. Syn lêste jierren takele er fluch ôf, wat grutdiels feroarsake waard troch syn almar oanboazjende alkoholisme. Hy stoar op 'e âldens fan 49 jier.

Rubén Darío
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Félix Rubén García Sarmiento
nasjonaliteit Nikaragûaansk
berne 18 jannewaris 1867
berteplak Metapa (Nikaragûa)
stoarn 6 febrewaris 1916
stjerplak León (Nikaragûa)
etnisiteit Nikaragûaansk
wurk
taal Spaansk
sjenre lit. romans, poëzij, toaniel,
non-fiksje, autobiografy
perioade Belle Époque
streaming modernismo
bekendste
  wurk(en)
Azul...
Los Raros
Prosas Profanas y Otros Poemas
jierren aktyf 18841916
offisjele webside
n.f.t.
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Félix Rubén. De earste efternamme (fan heitekant) is García, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Sarmiento. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm García of oars García Sarmiento brûkt wurde.

Rubén Darío waard op 18 jannewaris 1867 berne yn 'e stêd Metapa, yn Nikaragûa, dy't letter nei him ferneamd waard as Cíudad Darío (cíudad is Spaanske foar "stêd", dus "Daríostêd"). Hoewol't er eins fan García hiet, stie syn heite famylje yn 'e omkriten fan León al sûnt minskewitten bekend ûnder de namme Darío (nei de bynamme of mooglik de foarnamme fan Darío syn oerpake), en dat wie sadwaande ek de efternamme dy't er sels letter oanhold. Darío syn heit, Manual García (of Darío), en syn mem, Rosa Sarmiento, wiene efterneef en -nicht, mar nei har trouwen wie Rosa it echtlik hûs yn León ûntflechte fanwegen Manuel syn alkoholisme. Sadwaande wie yn stee fan León Metapa, yn 'e provinsje Matagalpa, it plak dêr't Darío te wrâld kaam. Neitiid fermoedsoenen syn heit en mem har in hoartsje, mar letter giene se foargoed útinoar.

Rosa loek yn by har muoike Bernarda Sarmiento, mar nei in hoartsje krige se in relaasje mei in oare man, en ferfear mei him nei San Marcos de Colón, yn Hondoeras. Darío waard dêrnei grutbrocht troch syn muoike Bernarda en har man Félix Ramírez, fan wa't er pas nei syn bernetiid ûntdiek dat se syn wiere âlden net wiene. Syn mem seach er net faak, fanwegen de grutte ôfstân nei har wenplak yn Hondoeras, en syn heit, dy't er koe as "omke Manuel", hied er ek net folle gedoente mei. Nei de dea fan Félix Ramírez, yn 1871, ferfoelen Darío en syn muoike Bernarda ta earmoede, en der wie praat fan om Darío by in kleanmakker yn 'e lear gean te litten, mar úteinlik waard derfoar keazen en hâld him op skoalle. Nei it leger ûnderwiis ôfrûne te hawwen, waard er fan 1879 oant 1880 ûnderrjochte op in jezuïtyske skoalle.

Neffens eigen sizzen learde Darío lêzen doe't er trije jier wie. Syn earste fersen skreau er net folle letter, en syn ierste oerlevere wurk is in sonnet út 1879. Syn wurk waard foar it earst publisearre yn 1880, yn 'e krante El Termometro, dy't doe syn treurdicht Una Lagrima ôfprinte. Koarte tiid letter begûn er poëzij, mar ek sjoernalistike artikels by te dragen oan El Ensayo ("It Essay"), in literêr tydskrift dat útjûn waard yn León. Dêrmei boude er al rillegau in reputaasje op as "bernedichter". Ut syn wurk spriek yn dy snuorje in dúdlik liberale opfetting en in ôfkear fan 'e grutte maatskiplike ynfloed fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

Om desimber 1881 hinne ferfear Darío nei de Nikaragûaanske haadstêd Managûa, op fersyk fan guon liberale politisy dy't it idee opfet hiene dat sa'n gâns ûnthjittend jong talint perfoarst op kosten fan 'e steat nei Jeropa stjoerd wurde moast om dêr fierder ûnderwiis te folgjen. Fanwegen de anty-klerikale toan fan syn gedichten woe de konservative parlemintsfoarsitter Pedro Joaquín Chamorro Alfaro dêr lykwols net oan, en ynstee waard him in stúdzje yn it Nikaragûaanske Granada oanbean. Darío keas der lykwols foar en bleau yn Managua, dêr't er syn sjoernalistike karriêre fuortsette troch te wurkjen foar de lanlike kranten El Ferrocarril en El Porvenir de Nicaragua. Teffens waard er smoarfereale op in alvejierrich famke, Rosario Emelina Murillo, mei wa't er trouwe woe. Lykwols, op oanstean fan syn freonen stelde er syn trouplannen út, en yn augustus 1882 sette er ôf nei El Salvador.

Yn El Salvador joech Darío him by de dichter Joaquín Mendez, dy't dêr syn mentor waard. Fia Mendez kaam er yn 'e kunde mei in oare dichter, Francisco Gavidia, dy't him bekend makke mei Frânske poëzij. Darío begûn te besykjen en adaptearje it Frânske aleksandrynske fers foar in Spaanske metrum. Hoewol't er yn El Salvador grutte bekendheid krige en in drok sosjaal libben hie, hied er der te lijen fan brekme oan jild, en boppedat rûn er de pokken op. Wylst er noch oan it opbetterjen wie, besleat er yn oktober 1883 om werom te kearen nei Nikaragûa. Yn Managua fûn er wurk by de Nasjonale Bibleteek fan Nikaragûa, en teffens blies er syn românse mei Rosario Murillo nij libben yn. Hy foltôge twa dichtbondels, mar koe der gjin útjouwer foar fine (de twadde soe yn 1888 dochs noch útjûn wurde ûnder de titel Primera Notas). Hy beproefde syn lok mei it teäter, en skreau syn earste toanielstik, Cada Oveja..., dêr't er in tuskenbeiden súkses mei hie, mar dat neitiid ferlern gien is. Darío fûn it libben yn Managua lykwols ûnbefredigjend, dat yn juny 1886 sette er, op rie fan guon freonen, ôf nei Sily.

Yn Sily hie Darío allegeduerigen te lijen ûnder de minachting fan 'e aristokrasy dêre, dy't op him delseach fanwegen syn brekme oan ferfining en om syn dûnkere hûdskleur. Lykwols rekke er befreone mei de dichters Pedro Balmaceda Toro, de soan fan 'e doetiidske Sileenske presidint, en Eduardo de la Barra, mei wa't er yn 1886 de sentimintele roman Emelina skreau. Darío libbe yn Sily yn 'e grutte havenstêd Valparaíso, en letter yn 'e haadstêd Santiago, dêr't er as sjoernalist wurke by de krante La Época. Yn 1888 publisearre er Azul..., in kompilaasje fan gedichten ôfwiksele mei proaza, dat letter as it wichtichste literêre wurk fan 'e nije Latynsk-Amerikaanske literêre streaming fan it modernismo beskôge wurde soe (net te betiizjen mei it lettere, tweintichste-iuwske Jeropeesk-Amerikaanske modernisme).

Troch de bekendheid dy't er mei Azul... opboude, wist Darío in baantsje as korrespondint te krijen by de Argentynske krante La Nación, dat doe it meast lêzen deiblêd yn Spaansktalich Latynsk-Amearika wie. Koarte tiid letter reizge er mei in tuskenstop yn Perû werom nei Nikaragûa, dêr't er begjin maart 1889 oankaam. Nei in koart besyk oan León, dêr't er troch it stedsbestjoer as earegast ynhelle waard, reizge er troch nei El Salvador, dêr't er wurk krige as de haadredakteur fan it tydskrift La Unión, dat ivere foar de stifting fan ien grutte Middenamerikaanske steat. In jier letter, op 21 juny 1890, troude er yn 'e Salvadoraanske haadstêd San Salvador mei Rafaela Contreras, in dochter fan 'e ferneamde Hondoereeske sprekker Álvaro Contreras. De deis nei it sluten fan it boargerlik houlik fûn der yn El Salvador in steatsgreep plak, dy't útfierd waard troch generaal Carlos Ezeta. Hoewol't dyselde in gast op syn brulloft west hie en him ek noch in bettere baan oanbea, besleat Darío dêrnei El Salvador te ferlitten, mei't er de steatsgreep net goedkrije koe.

Oan 'e ein fan juny 1890 befûn er him yn it oangrinzgjende Gûatemala, dat him op dat stuit opmakke foar in oarloch tsjin El Salvador. Yn 'e Gûatemalteekske krante El Imparcial publisearre Darío in artikel mei as titel Historia Negra ("Swarte Skiednis"), wêryn't er him iepentlik tsjin 'e steatsgreep fan Ezeta kearde. Letter dat jiers waard him frege om lieding te jaan oan in nije krante, El Correo de la Tarde. Yn jannewaris 1891 joech syn frou har by him en koene se, op 11 febrewaris, einlik ek foar de tsjerke trouwe. In fearnsjier letter draaide it Gûatemalteekske regear de subsydzjekraan foar El Correo de la Tarde ticht, en moast de krante slute. Dêrop ferfear Darío mei syn frou nei Kosta Rika, dêr't er him yn augustus 1891 nei wenjen sette yn 'e haadstêd San José. Hy koe der lykwols gjin wurk fine en koe finansjeel mar kwealk de holle boppe wetter hâlde. Wilens waard op 12 novimber fan dat jier syn earste soan, Rubén Darío Contreras, berne.

Yn 1892 liet Darío frou en bern efter yn 'e Kosta Rika, wylst er sels nei Gûatemala en Nikaragûa reizge op 'e siik nei wurk. Uteinlik beneamde it regear fan Nikaragûa him ta lid fan in diplomatike delegaasje nei Spanje, foar de fjouwerhûndertjierrige betinking fan 'e ûntdekking fan 'e Nije Wrâld. Doe't er yn novimber 1892, nei de reis nei Madrid mei in tuskenstop op Kuba, krekt wer werom wie yn Nikaragûa, berikte him dêr in tillegram mei de tynge dat syn frou slim siik wie; hja stoar op 23 jannewaris 1893. Koart dêrnei fernijde Darío syn kunde oan Rosario Murillo, wa har famylje oft him diskear twong en trou mei har.

Datselde jiers, 1893, sette Darío him nei wenjen yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires. Dêr droech er, behalven oan La Nación, dêr't er al korrespondint fan wie, ek by oan ferskate oare kranten, en dêrnjonken waard er dêr oansteld as honorêr-konsul fan Kolombia. Dat wie lykwols mar in earebaantsje, mei't der frijwol gjin Kolombianen yn Buenos Aires wennen en der doedestiden likemin folle hannel dreaun waard tusken Kolombia en Argentynje. Yn Buenos Aires liet er him it goede libben bêst smeitsje, en oerdied oan etanolkonsumpsje twong him ferskate kearen om medyske fersoarging te sykjen. Doe't yn oktober 1895 Kolombia syn konsulaat yn Buenos Aires sleat, en Darío dêrmei in wichtich diel fan syn ynkommen ûntnaam, fûn er wurk as de siktaris fan in Carlos Carlés, dy't de direkteur-generaal fan 'e Argentynske post en tillegraaf wie.

Yn Buenos Aires skreau Darío ek twa fan syn wichtichste boeken: Los Raros, in samling artikels oer oare skriuwers, en Prosas Profanas y Otros Poemas, in dichtbondel wêrmei't er foargoed it modernismo stal joech. Mar hoe populêr oft it letter ek waard, by de earste publikaasje ferkocht syn wurk net botte goed. Syn petysjes oan it Nikaragûaanske regear, om in nije diplomatike oanstelling, wiene om 'e nocht, mar doe't La Nación in korrespondint yn Madrid brek wie, griep Darío daliks syn kâns.

Madrid en Parys

bewurkje seksje

Darío arrivearre yn desimber 1898 yn Madrid, koart nei't Spanje de measten fan syn oerbleaune koloniale besittings (Kuba, Porto Riko, de Filipinen en Gûam) as gefolch fan 'e jammerdearlik ferrûne Spaansk-Amerikaanske Oarloch oan 'e Feriene Steaten ferlern hie. Syn yndrukken fan it lân lei er fêst yn in stikmannich artikels dy't yn 1901 it ljocht seagen as de bondel España Contemporánea (frij fertaald: "It Spanje fan No"). Yn dy stikken jout Darío blyk fan syn djip sympatisearjen mei Spanje, wylst er de Feriene Steaten seach as in meunster, in soarte fan kankerswolm dy't Latynsk-Amearika almar slimmer oangriep.

Yn 1899 mette Darío yn Madrid Francisca Sánchez del Pozo, in Spaanske mei wa't er in relaasje krige, al wied er doedestiden noch troud mei Rosario Murillo. Koart nei de iuwwiksel sette er him nei wenjen yn 'e Frânske haadstêd Parys. Francisca skonk him yn 1901 in dochter, mar se liet it fanke efter by har pake en beppe en reizge Darío nei Parys efternei. It famke stoar koarte tiid letter oan 'e pokken, sûnder dat har heit har ea sjoen hie. Darío syn twadde bern by Francisca waard berne yn 1903, mar stoar ek al tige jong. Yn 1905 kaam de trêde fan syn wichtichste dichtbondels út, Cantos de Vida y Esperanza: Los Cisnes y Otros Poemas, wêryn't er him fannijs tsjin 'e ynfloed fan 'e Feriene Steaten yn Súd-Amearika kearde.

Yn maart 1903 wie Darío oansteld as de Nikaragûaanske konsul yn Frankryk, en de jierren dêrop besocht er gâns oare Jeropeeske lannen, lykas Grut-Brittanje, Belgje, Dútslân en Itaalje. As lid fan 'e Nikaragûaanske delegaasje reizge er yn 1906 ek nei it Brazyljaanske Rio de Janeiro, dêr't de Trêde Panamerikaanske Konferinsje holden waard. Dêr wied er behelle yn in obskuere frijaazje mei in aristokratyske dame, wêrfan't men tinkt dat it de dochter fan 'e Russyske ambassadeur yn Brazylje wie. It liket derop dat er doe it plan opfette om fan Rosario Murillo te skieden, fan wa't er al jierren ferfrjemde wie. Dy skieding rûn lykwols út op in slepende kwestje (mei't Rosario earst jild sjen woe), en waard him úteinlik troch de Nikaragûaanske rjochtbank ûntholden.

 
De Basílica de la Asunción ("Basilyk fan de Himelfeart"), yn León, de katedraal wêryn't Darío begroeven leit.

Underwilens wie Darío syn alkoholisme almar mear oanboaze, en no begûn it syn skriuwen te beynfloedzjen. Hy wie gauris siik en yn 1907 rekke er slim yn 'e minnichte. Hy sette útein mei it skriuwen fan 'e roman La Isla de Oro ("It Goudene Eilân"), mar makke dy nea ôf. Yn it neijier fan 1907 wied er werom yn Nikaragûa, dêr't er troch syn freon, presidint José Santos Zelaya, beneamd waard ta ambassadeur yn Spanje. Sa kaam er wer yn Madrid te wenjen, dêr't er grutte finansjele swierrichheden hie, mei't him troch syn regear amperoan genôch jild taparte waard om syn diplomatike plichten te ferfoljen. It slagge him om dermei ta te kinnen, wêrby't er foar in part stipe op syn salaris as korrespondint fan La Nación, en foar in part op 'e help fan freonen. Yn dizze snuorje krige er rûzje mei syn eardere freon Alejandro Sawa, dy't him omdôch om finansjele help frege. De briefkerij tusken harren lit romte foar de ynterpretaasje dat Sawa ferskate fan 'e artikels skreaun hie dy't ûnder Darío syn namme yn La Nación kommen wiene. Doe't presidint Zelaya begjin 1909 by in steatsgreep ôfset waard, koe Darío net oars as ûntslach nimme.

Lêste jierren

bewurkje seksje

Yn 1910 reizge Darío nei Meksiko ta as lid fan 'e Nikaragûaanske delegaasje dy't nei de betinking ta stjoerd waard fan 'e hûndertjierrige Meksikaanske ûnôfhinklikheid. Lykwols wegere de Meksikaanske diktator Porfirio Díaz en ûntfang him, in hâlding dy't nei alle gedachten beynfloede wie troch Amerikaanske diplomasy. Nei dy misjegening joech Darío him ôf nei de Kubaanske haadstêd Havana, dêr't er ûnder ynfloed fan alkohol besocht om himsels fan kant te meitsjen. Mar dat mislearre, dat hy reizge werom nei Parys, dêr't him in baan foar it Meksikaanske Ministearje fan Iepenbier Underwiis taskikt waard, mooglik by wize fan ûntskuldiging foar de eardere mislediging.

Yn 1912 waard Darío troch de Urûguayaanske sakelju Rubén en Alfredo Guido oansteld om foar harren lieding te jaan oan 'e tydskriften Mundial en Elegancias. Om dy útjeften te promoatsjen, makke er in rûnreis troch Latynsk-Amearika, dêr't er ûnder mear Rio de Janeiro, São Paulo, Montevideo en Buenos Aires by oandie. Om dyselde tiid hinne skreau er syn autobiografy, mei as titel La Vida de Rubén Darío Escrita por el Mismo, en teffens it wurk Historia de Mis Libros, wêryn't er syn literêre ûntwikkeling dokumintearre. Syn gearwurking mei de bruorren Guido einige lykwols yn deilisskip, mei't se him nea in grutte som jild útbetellen dy't er noch fan har te goede hie, dat yn 1914 sleepte er har foar de rjochter.

De jierren dêrnei brocht er ôfwikseljend troch yn Parys, yn Barseloana, en op Majorka. Yn maaie 1914 publisearre er yn Barseloana syn lêste dichtbondel, Canto a la Argentina y Otros Poemas. Doe't in pear moanne letter de Earste Wrâldoarloch útbriek, sette er ôf nei New York, wêrby't er Francisca en harren beide soannen yn Parys efterliet. Tsjin ein 1915 wied er wer yn Nikaragûa, dêr't er al syn diplomatike oanstellings opsei en risselwearre om werom nei Parys, mei de bedoeling om him no folslein oan syn nije boeken te wijen. Syn alkoholisme wie doe lykwols al sa slim wurden, dat er allegedueringen lichaamlike krupsjes hie en boppedat psychologyske swierrichheden begûn te ûnderfinen. Sa hied er nei't sein wurdt geregeldwei lêst fan hallusinaasjes, en rekke er obsedearre troch de dea. Uteinlik stoar Darío foar't er weromkeare koe nei Jeropa, yn it Nikaragûaanske León, op 6 febrewaris 1916. Hy wie doe 49 jier. Hy waard begroeven yn 'e katedraal fan León, oan 'e foet fan it byld fan 'e apostel Paulus.

Dichtbondels

bewurkje seksje
  • 1887 - Abrojos
  • 1887 - Rimas
  • 1888 - Azul...
  • 1887 - Canto Épico a las Glorias de Chile
  • 1888 - Primeras Notas: Epístolas y Poemas - 1885
  • 1896 - Prosas Profanas y Otros Poemas
  • 1905 - Cantos de Vida y Esperanza: Los Cisnes y Otros Poemas
  • 1906 - Oda a Mitre
  • 1907 - El Canto Errante
  • 1910 - Poema del Otoño y Otros Poemas
  • 1914 - Canto a la Argentina y Otros Poemas
  • 1919 - Lira Póstuma (postúm)
  • 1884 - Cada Oveja... (toanielstik; ferlern gien)
  • 1886 - Emelina (roman; tegearre mei Eduardo de la Barra)
  • 1896 - Los Raros
  • 1901 - España Contemporánea
  • 1901 - Peregrinaciones
  • 1902 - La Caravana Pasa
  • 1904 - Tierras Solares
  • 1906 - Opiniones
  • 1909 - El Viaje a Nicaragua e Intermezzo Tropical
  • 1911 - Letras
  • 1912 - Todo al Vuelo
  • 1913 - La Vida de Rubén Darío Escrita por él Mismo
  • 1915 - La Isla de Oro (ûnfoltôge)
  • 1916 - Historia de Mis Libros
  • 1919 - Prosa Dispersa

Darío yn it Frysk

bewurkje seksje

Teminsten ien gedicht fan Rubén Darío is nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. De fertaling fan Sinfonia en Gris Mayor hat Bruinsma ûnder de titel Simfony yn Griis Grut yn 1983 publisearre yn it tydskrift HJIR.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Darío, Rubén, Simfony yn Griis Grut (oers. Klaas Bruinsma), yn: HJIR, 1983, ôfl. 6, s. 36.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.