Wetterstof

gemysk elemint mei symboal H en atoomnûmer 1
(Trochferwiisd fan Diwetterstof)
Wetterstof (H2)

De sinne bestiet foar in grut part út wetterstof
Algemien
Namme: Wetterstof / Hydrogenium
Symboal: H
Atoomnûmer: 1
Kloft: Alkalimetaal, kloft 1
Perioade: Perioade 1
Blok: S Blok
Rige: Net-metaal
Kleur: Kleurleas
Gemyske eigenskippen
Atoommassa: 1,0079 u
Oksidaasjetastân: -1,+1
Natuerwittenskiplike eigenskippen
Tichtheid: 0,08988 kg/m3
Raanpunt: 14,01 K
Siedpunt: 20,28 K
Gewoane tastân: Gas, (H2)
Periodyk systeem

Wetterstof is in gemysk elemint mei it symboal: H (Latyn: Hydrogenium) en it atoomnûmer 1. It elemint is gewoanlik allinne te finen yn in de ferbining H2 (ek wol diwetterstof neamd). Gewoanlik is wetterstof in brânber en kleurleas gas.

Wetterstofspektrumtest

It elemint komt as sadanich net yn isolearre foarm foar yn normale omstannichheden, mar foarmet troch de hege reaktiviteit ferbinings. Under atmosfearyske omstannichheden foarmet wetterstof in twa-atomich molekúl: diwetterstof, dat meastal gewoan as wetterstof of wetterstofgas oantsjutten wurdt. Waterstof is it meast foarkommende elemint yn it universum. It normale isotoop fan wetterstof "protium" bestiet mar út ien proton en ien elektron en befet dus gjin neutronen. Wetterstof is it ienige elemint dat sûnder neutronen bestiet.