Doarpstsjerke (Gieten)
De Doarpstsjerke oan de Brink yn Giten is in 19e-iuwsk tsjerkegebou fan de PKN-gemeente.
Doarpstsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Giten | |
adres | Brink 8 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1804 (toer), 1849 (tsjerke) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 16127 (tsjerke) [1] 16128 (toer) [2] | |
offisjele webside | ||
PKN Giten |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Doarpstsjerke fan Giten giet werom op in oan Marije wijd midsiuwsk gebou. Yn de 17e iuw moast de âlde tsjerke op 'e nij boud wurde. De toer waard yn 1804 boud en ferfong doe in klokkestoel.[3]. Neffens in oare boarne waard de 17e-iuwske toer yn 1804 ferhege, yn 1864 op 'e nij boud en yn 1975 op 'e nij ommitsele.[4] Op it plak fan de 17e-iuwske foargonger waard yn 1849 it hjoeddeiske tsjerkegebou oan de toer boud.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe preekstoel yn de tsjerke datearret fan de 17e iuw. Fierder steane der yn de tsjerke twa iken kolleezjebanken út de 18e iuw. Oan ien fan de muorren hinget in rouboerd foar Nicolaas Harmen van Echten út 1742, dy't drost fan Drinte en bewenner fan de havezate Entinge wie.
Yn de toer hingje twa klokken, dy't alletwa getten binne yn de 16e iuw. Ien fan dy klokken waard yn 1520 getten troch Wolter Schonenborch, de jitter fan de oare klok út 1565 is ûnbekend.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel yn de tsjerke waard boud troch L. van Dam en soannen út Ljouwert.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|