Doederus Kamminga
Douwe Johannes (Doederus) Kamminga (Dokkum, 5 oktober 1884 - dêre, 30 oktober 1977) wie in boekhanneler en printer.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie de soan fan Johannes Kamminga (1853-1928), dy't de útjouwerij J. Kamminga yn Dokkum oprjochte. Doederus waard ferneamd nei syn pake mei in ferlatynske namme, mar hy hie leaver gewoan Doede of Douwe hjitten, op syn Frysk. Hy wie troud mei Dieuwke van Broek. Har betide ferstjerren yn 1940, yn de âldens fan 54 jier, hie grutte ynfloed op him.
De famylje hie graach wold dat er lykas oare famyljeleden yn it ûnderwiis wurkjen gean soe, mar dêr hie er gjin nocht oan. Nei de legere skoalle gied er oan't wurk yn it bedriuw fan syn heit, dêr't er begûn mei boekbinen en parsen. Om it fak fierder te learen gie er in skoft nei de Lettergieterij Tetterode oan de Bilderdijkstrjitte yn Amsterdam (1904); hy wenne mar trije moannen yn de Balthazar Floriszstrjitte 5.
Hy hat 50 jier warber west yn Dokkum. Hy fersoarge in protte Frysktalige útjeften, sa as "De Holder", wurk fan Dr. Jacob Botke, Douwe Kalma, Fedde Schurer en oaren. Kamminga wie fierder oprjochter fan de Dokkumer Aldheidkeamer (It Admiraliteitshûs) en foarsitter en earefoarsitter fan de Federaasje fan Fryske Musea en Aldheidskeamers. Hy waard lid fan de Jongfryske Mienskip en de Fryske beweging en ferdjippe him fierder yn it Frysk en it Dokkummer dialekt. Alle kennis die er op troch petearen te fieren mei saakkundigen en troch in soad te lêzen oer it noardeasten fan 'syn' provinsje. Ek die er mei oan ekskurzjes fan It Fryske Gea en besocht er geregeld gearkomsten fan it Frysk Genoatskip.
Der is in (ûnfolsleine) beskriuwing fan Dokkumer gevelstiennen út 1948 fan him bekend: Oude adreskaarten in steen en hout te Dokkum.
Hy wie leafhawwer fan swimmen en sette him yn foar in eigen swimbad yn Dokkum. Doe't dat der ien kear wie waard er beneamd ta earelid. Op lettere leeftyd waard er pleage troch minne eagen (al wilens de militêre keuring wie dêr sprake fan) en hertklachten, likegoed wie er altyd op hokker mêd dan ek ree om diskusje oan te gean.
Yn 1960 krige er in Sulveren Anjer takend foar syn frijwillich krewearjen foar kultuerele saken, in museummedalje en de earepenning fan de Gemeente Dokkum. Fan Keninklike ûnderskiedingen seach er ôf.
Hy ferstoar thús yn de âlderdom fan 93 jier yn fersoargingshûs Dockingahiem en waard yn stilte kremearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J. H. en oaren (red), Encyclopedie van Friesland, 1958. Kamminga, Doederus
|