Dominikanen
De dominikanen of preekhearen (Ordo Praedicatorum, O.P.) foarmen in katolike kleasteroarder dy't yn 1216 stiften is troch Dominikus Guzman (± 1170-1221), yn de tiid dat in krústocht hâlden waard tsjin de Kataren yn de Langedok. Ien fan de earste kleasters fan dizze oarde waard festige yn Toulouse. De oarde hearde mei ûnder oar de fransiskanen ta de biddeloarden. Sy folgje de Rigel fan Augustinus.
De dominikanen (aktiven) krige yn de midsiuwen fan paus Gregoarius IX de ynkwisysjetaak opdroegen.
Skiednis
bewurkje seksjeOp it Fjirde Lateraansk Konsylje fan 1215 wienen preekjen en sielesoarch neamd as de wichtichste preesterlike taken wêr't yn dy tiid troch preesters net genôch oandacht oan bestede waard. Dominikus Guzman, in muonts hat spesjaal om yn dy need te foarsjen syn oarde oprjochten. Ein 1216 krige hy fan de paus Honoarius III goedkarring yn de bul Religiosam vitam foar dat inisjatyf. De earste leden fan de oarde waarden troch him nei universiteiten fan Parys en Bologna stjoerd om harren te bekwamen yn de teology. De oarde fan de dominikanen waard en wurdt skaaimerke troch yntellektuele ynspanningen, yngreven stúdzje, aktive ynteresse yn de stedske maatskippij, preekjen en misjonêre aktiviteiten. De dominikanen ferbûnen kontemplaasje (beskôging) mei aksje. Yn Utert kaam yn 1232 de earste Nederlânske festiging fan de dominikanen.
In oantal bekende en wichtige hilligen hearden ta de oarde fan de dominikanen. Tomas fan Akwino (1225-1274) en Albertus Magnus (sirka 1200-1280) krigen fan pausen de rang fan tsjerkelearaar. De hillige Katarina fan Siëna (1347-1380), in lekendominikaan dy't har aktyf mei de polityk dwaande hâlde, mei in protte minsken korrespondeare en mystike skriften skreau, krige yn 1970 as earste froulike hillige dizze ear. Fjouwer pausen hearden ta de oarde fan de dominikanen: paus Innosentius V, paus Pius V, paus Benediktus XI en paus Benediktus XIII.
Krekt as de measte oare oarden hawwe de dominikanen tiden kind fan bloei en ferfal. Yn de 13e iuw hat de oarde yn Jeropa in grutte opgong trochmakke. Mar yn de 14e iuw kamen der klachten oer ferslopping. Lykwols bloeide de dominikaanske mystyk mei nammen as Master Eckhart, Henrikus Seuse en Jehannes Tauler.