Domtsjerke fan Messina
De Domtsjerke fan Messina (Duomo di Messina; ek: Basilica Cattedrale metropolitana di Santa Maria Assunta, Basilyk metropolitane Katedraal fan Marije-Himelfeart) is in katedraal yn Italjaanske stêd Messina op Sisylje. Eartiids wie it de sit fan it bisdom Messina, mar sûnt 1986 is it de aartsbiskoplike sit fan it aartsbisdom Messina-Lipari-Santa Lucia del Mela. Yn juny 1947 krige de katedraal fan paus Pius XII de status fan basilyk.
Domtsjerke fan Messina
Duomo di Messina | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Sisylje | |
plak | Messina | |
adres | Piazza Duomo | |
koördinaten | 38° 11' N 15° 33' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Messina-Lipari-Santa Lucia del Mela | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1919-1923 (weropbou katedraal); 1933 (klokketoer) | |
boustyl | Eklektisisme | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe katedraal waard op 22 septimber 1197 troch aartbiskop yn oanwêzigens fan keizer Hindrik VI en syn frou Konstanse, dochter fan 'e Normandyske kening Rogier II, ynwijd. Yn 'e rin fan 'e tiid waard de katedraal ferskate kearen ferneatige en wer opboud fan it oarspronklike bouwurk is dêrfandinne net in soad oerbleaun.
By in brân 1254 gyng it oarspronklike balkeplafond ferlern. De ierdskoddings fan 1783 en 1908 feroarsake troch it ynstoarten fan 'e muorren ek de ferneatiging fan it folsleine ynterieur. Nei de ierdskodding fan 1783 waard de klokketoer ôfbrutsen en ferfongen troch twa neogoatyske tuorren njonken it koer. Nei de ierdskodding fan 1908 waard de dom fan 1919 oant 1923 yn in midsiuwske foarm rekonstruearre. De njonken de dom steande klokketoer waard yn 1933 tafoege.
Op 13 juny 1943 waard de stêd bombardearre en de katedraal baarnde doe folslein út. De frijsteande 48 meter hege klokketoer mei in astronomysk oerwurk bleau lykwols sparre. Paus Pius XII wijde yn augustus 1947 op 'e nij yn en krige doe de status fan basilica minor.
Eksterieur
bewurkje seksjeDe katedraal waard yn in feskaat fan goatyske en romaanske stilen wer opboud. It goatyske haadportaal datearret lykwols noch út de 14e iuw. It gevelfjild tusken de smelle pylders lit in foarstelling fan Kristus sjen, dy't Marije yn 'e himel kroant. Dêrûnder stiet boppe de doar in Madonnabyld.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe trije skippen fan 'e katedraal wurde fan inoar skieden troch twa rigen pylders mei korintyske kapitelen. De pylders drage de rûne bogen, dy't it muorrewurk fan it middenskip skoarje. It by de restauraasje nij oanbrochte balkenplafond is beskildere neffens de oarspronklike dekoraasje.
It grutste diel fan 'e ynrjochting is in rekonstruksje fan 'e 20e iuw, mar in pear saken binne orizjineel. Yn 'e Sakramintskapel (rjochter sydapsis) bleau in orizjineel 14e-iuwsk mozayk bewarre, dat mei oarspronklik materjaal op 'e nij oanbrocht is. It mozayk fan 'e haadapsis dêrfoaroer waard nij oanbrocht, mar hat wol in soad oerienkomsten mei it orizjineel.
Yn nissen oan 'e muorren fan 'e sydskippen steane bylden fan 'e apostels, dy't oarspronklik yn 'e tiid fan 'e renêssânse makke waarden. Dêrfan is allinne it byld fan Jehannes de Doper fan Antonello Gagini orizjineel, de rest gyng by it bombardemint yn 1943 ferlern.
Oargel
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske oargel datearret fan 'e weropbou nei de kriich en waard troch Tamburini (Crema) boud. It heart ta de grutste piipoargels fan Itaalje. It ynstrumint hat 169 registers (± 16.000 pipen) en is yn ferskate dielen fan 'e dom opsteld; de spyltafel fan it oargel stiet yn it dwersskip. De spyl- en registertraktueren binne elektrysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|