Dripstienferwulft

It dripstienferwulft of stalagtiteferwulft is in ferwulft dêr't de ribben fan lykje te sweven op in hingjende slútstien (dripper).

Petrustsjerke fan Caen

De dripper is fral in dekoratyf elemint. Somtiden ha se lykwols in dragende funksje yn gefallen as romten hiel breed binne en dêrmei ek it ferwulft. De dripper sammelet yn sokke gefallen de druk fan de fierder fan 'e muorre lizzende ribben en bringt dy dan oer in foarsere rib nei de muorre ta.

Dit type ferwulft is ûnstien yn Ingelân yn 'e lette gotyk en komt in soad foar yn kombinaasje mei it waaierferwulft.

Yn de islamityske arsjitektuer komt in soartgelikens type ferwulft foar dat de Mocárabe-styl neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: