Duckworth Books is in Britske útjouwerij dy't fêstige is yn 'e Londenske wyk Farringdon. It bedriuw spile yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw in wichtige rol by de ûntwikkeling fan 'e moderne Britske literatuer, doe't der wurk ferskynde fan skriuwers as Virginia Woolf en D.H. Lawrence. Duckworth wurke sûnt 2003 nau gear mei de Amerikaanske útjouwerij The Overlook Press. Yn 2018 ferlear it bedriuw syn selsstannigens.

Duckworth Books
algemien
hist. namme Gerald Duckworth and Company
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1898
oprjochter Gerald Duckworth
mem Prelude Books
dochters ● Duckworth General
● Duckworth Academic
● Duckworth Overlook
● Ardis
offisjele webside
www.ducknet.co.uk

Publikaasjes

bewurkje seksje

Duckworth Books publisearret in breed ferskaat oan fiksje en non-fiksje, fan auteurs as Beryl Bainbridge, Joan Bakewell, John Bayley, Brian Clegg, J.J. Connolly, Robert Littell, Charles McCarry, Valerie Grosvenor Myer, Helmut Newton, William Vollmann en Mary Warnock. De fûnskatalogus fan it bedriuw omfettet sjenres as skiednis, populêre wittenskip, biografyen en autobiografyen, literêre fiksje en sels berneboeken. De argiven fan Duckworth, dy't tebekgeane oant 1936 en wiidweidige briefkerij fan 'e redakteurs mei skriuwers omfetsje, binne op 'e noed fan 'e Universiteit fan Londen.

Duckworth Books waard yn 1898 oprjochte troch útjouwer Gerald Duckworth ûnder de namme Gerald Duckworth and Company. It bedriuw wie lange tiid fêstige yn in âld pianofabryk yn 'e Londenske wyk Camden. Duckworth lei him yn 't earstoan benammen ta op it drukken en útjaan fan akademyske non-fiksjeboeken foar it heger ûnderwiis.

Geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw waard der ek almar mear literêre fiksje útjûn, te begjinnen mei it wurk fan skriuwster Virginia Woolf, dy't de healsuster fan Gerald Duckworth wie. Oare grutte nammen dy't by Duckworth publisearren wiene û.o. W.H. Davies, Anthony Powell, John Galsworthy en D.H. Lawrence. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begûn Duckworth ek boeken oer kompjûters en ynformatika út te jaan.

Yn 2003 rekke it mei Duckworth Books yn it neigean en moast de útjouwerij fallisemint oanfreegje. It bedriuw waard opkocht troch Peter Mayer, dy't earder in liedingjaande funksje by Penguin Books beklaaid hie. Dyselde wie al yn it besit fan The Overlook Press, in Amerikaanske útjouwerij yn New York, en ûnder syn lieding sette Duckworth útein mei in nauwe gearwurking mei Overlook op it mêd fan sawol produksje as marketing. Sa waarden der in protte paperbacks publisearre ûnder de mienskiplike Duckworth Overlook ymprint.

Yn 2006 publisearre Duckworth Books An Incomplete History of the Art of the Funerary Violin fan Rohan Kriwaczek, wêrby't it om in hoax bliek te gean mei de "keunst fan it funerêr fioelspyljen" nea bestien hie. De skriuwer hie it wurk as satire bedoeld, en Duckworth hie in protte baat by al it media-omtinken dat oan 'e saak skonken waard. Yn 2010 waard de fûnskatalogus op it mêd fan akademyske non-fiksje fan Duckworth opkocht troch Bloomsbury Publishing. Nei it ferstjerren fan Mayer, yn 2018, waard Duckworth oernommen troch Prelude Books en ferlear it bedriuw syn selsstannigens.

Duckworth Books omfettet de folgjende ymprints:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.