Duco Jongema (1580 - Wommels, 25 desimber 1638) waard op 26 maart 1620 grytman fan Frjentsjerteradiel en op 22 maart 1629 fan Hinnaarderadiel.

Duco wie de soan fan Laas Jongema. Hy wenne op de state Geyns te Wommels. By de begraffenis fan greve Willem Loadewyk fan Nassau droech hy de standert. Yn 1622 wie hy folmacht op de Fryske lândei, earst foar Frjentsjerteradiel en letter foar Hinnaarderadiel, en bleau dat oant syn dea. Duco wie ek dykgraaf fan de Fiif Dielen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: