Dykrjocht fan Fisfliet
It Dykrjocht fan Fisfliet (offisjeel: Dijkrecht van Visvliet) is in earder wetterskip yn Grinslân.
C. Geertsema bestege yn syn boek oer de wetterskippen yn Grinslân (1910) hast twa siden oan dit wetterskip, mar kaam ta de konklúzje dat it net mear taken hie, as it beteljen fan it traktemint oan de predikant en de koster fan Pitersyl en it ûnderhâld fan de brêge yn dat doarp.
Dykrjocht
bewurkje seksjeNeffens it reglemint fan prinses Anna fan Hannover fan 18 augustus 1755 moast it dykrjocht [1] in pear diken by de Lauwers del ûnderhâlde. De measten dêrfan leine lykwols yn de provinsje Fryslân, sadat der in soad ûnienichheid oer it barren fan de omslaggen wie. Dat wie benammen om 't it Grinzer part 73% en it Fryske part 27% bydrage moast. Uteinlik waard der op 10 en 11 novimber 1885 yn de Fryske Steaten besletten, dat de wettersteatswurken oergiene nei Gerkeskleaster. Omdat der oan de Grinzer kant nea in ferlykber beslút kaam, bleau dêr it dykrjocht bestean, mei in tige beheinde taak, mar mei in bestjoer, besteande út in dykgraaf en twa kommittearren.
It wetterskip gie op yn de gemeente Grypstsjerk, jier net bekend.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|