De Dyksterastate of Dyxterastate stie noardlik fan Ljussens, gemeente Dongeradiel, oan de âlde seedyk. Op it terrein stiet in pleats fan it kop-hals-romp type út 1890 dy't oan de foarside restaurearre is. De stinswier is ôfgroeven.

It ûntstean fan de stins/state is ûnbekend. Ek oan de âlde seedyk, dêr't dy op de kaart fan Eekhoff in útstulpinkje makket en dêr't de grins tusken de himrikken fan Ljussens en Eanjum rint, lei de state Dykstera.
Yn 1418 wurdt Lyowa Dicstera neamd as grytman fan Dongeradiel. Yn 1422 wurdt ûnder de Fetkeaperske eallju dy't de soen fan de Westlauwerske Friezen mei Okko II tom Brok en de Eastfriezen bekrêftigen, ek Lywe Dijcksaeter neamd. Der moat dus in stins stien hawwe. Yn 1511 brûkt Abe Dickstra, dy't direkt nei de pastoar neamd wurdt, 77 pûnsmiet eigen lân. Yn 1543 komt Zuyerdt Dextre foar en krije de pastorije en de fikaarje út Dextra-steede elk achttjin stuorren. De eigenierde state is dêrnei grif in pachtpleats woarn.

Bewenners bewurkje seksje

  • 1418 Lyowa Dicstera/Lywe Dijcksaeter
  • 1511 Abe Dickstra
  • 1543 komt Zuyerdt Dextre

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • De website hisgis