Earehôf Bakhuzen
Earehôf Bakhuzen is in ûnderdiel fan it roomsk-katolike begraafplak fan Bakhuzen yn de provinsje Fryslân. De grêven lizze by de yngong fan it begraafplak, njonken de roomsk-katolike Sint Odulfustsjerke, oan de Sint Odulfusstrjitte. Der steane 9 stiennen mei dêrop de folgjende nammen:
Namme | Funksje | Underdiel | Skwadron | Ferstoarn | Alderdom |
---|---|---|---|---|---|
Charles Ablett | Boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 61e Squadron | 03-01-1944 | 19 |
John Stanley Baldwin | Bommerjochter | Royal Canadian Air Force | 61e (RAF) Squadron | 03-01-1944 | 20 |
John Vincent Conlon | Sersjant | Royal Australian Air Force | 460e Squadron | 23-01-1943 | 23 |
Charles Gordon Crosby | Boardskutter | Royal Air Force Volunteer Reserve | 61e squadron | 03-01-1944 | 35 |
Gordon Edward Heasman | Boardwurktúchkundige | Royal Air Force Volunteer Reserve | 61e Squadron | 03-01-1944 | 33 |
Joseph Gerald Holden | Navigator | Royal Air Force Volunteer Reserve | 61e Squadron | 03-01-1944 | 20 |
Stuartson Charles Methven | Piloat | Royal Australian Air Force | 460e Squadron | 23-01-1943 | 30 |
James Stock | Radio-telegrafist | Royal Air Force Volunteer Reserve | 61e Squadron | 03-01-1944 | 22 |
George Arthur Tull | Piloat | Royal Air Force Volunteer Reserve | 61e Squadron | 03-01-1944 | 22 |
Skiednis
bewurkje seksjeOp 23 jannewaris 1943 wie in Lancasterbommewerper, de W 4308 fan it 460e Squadron, ûnderweis op in missy nei Düsseldorf. Doe 't it fleantúch by de Nederlânske kust kaam, waard de bommewerper oanfallen troch in nachtjager. Om 20.54 oere stoarte it fleantúch del yn in iepen stik lân by Warns. Twa bemanningsleden rekken deadlik ferwûne en waarden beïerdige op it roomsk-katolike begraafplak fan Bakhuzen. De oare bemanningsleden waarden kriichsfinzen makke. Sersjant R.A. Brown waard ferwûne ôffierd nei it sikehûs yn Ljouwert.
Op 3 jannewaris 1944 wie in Lancasterbommewerper, de DV 401 fan it 61e Squadron, ûnderweis op in missy nei Berlyn doe 't dy boppe de Iselmar oanfallen waard troch in Dútske nachtjager. It swier skansearre en baarnende tastel stoarte del ûnder Murns. Alle sân bemanningsleden kamen dêrby om it libben. Sy waarden beïerdige op it roomsk-katolike begraafplak fan Bakhuzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Earehôf Bakhuzen fan Wikimedia Commons. |