Sint-Odulfustsjerke (Bakhuzen)
De Sint-Odulfustsjerke is de oan de hillige Odulfus wijde roomsk-katolike tsjerke fan Bakhuzen. It is ien fan 'e tsjerken fan de Hillige Kristoffelparochy, dêr't ek roomsk Balk, De Jouwer, De Lemmer, Sint-Nyk, Sleat en Wâldsein by oansletten binne.[1]
Sint-Odulfustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Bakhuzen | |
adres | Sint-Odulfusstrjitte | |
koördinaten | 52° 52' N 5° 27' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Odulfus | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Wolter te Riele (1867-1937) | |
boujier | 1914 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
H. Kristoffelparochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFoar de reformaasje wiene de Bakhúster katoliken oanwiisd op de tsjerke fan it doe gruttere doarp Murns. Nei de reformaasje hiene de katoliken gjin eigen tsjerke mear. Yn 1633 ferbettere de sitewaasje in bytsje, doe't in preester him tusken Murns en Bakhuzen nei wenjen sette en de katoliken wer betsjinne wurde koene. Tritich jier letter waard in skûltsjerke boud, dat yn 1753 ferfongen waard troch nijbou. Nei de emansipaasje fan de katoliken waard yn 1855 de parochy Murns-Bakhuzen stifte en twa jier letter folge de bou fan in echte tsjerke.[2]
De neogoatyske pseudobasilyk út 1914 waard ûntwurpen troch de arsjitekt Wolter te Riele, dy't letter ek de neogoatyske Sint-Frederikustsjerke yn Steggerda ûntwurp. De tsjerke ferfong de âldere tsjerke fan 1857, dy't nei de bou fan de tsjintwurdige tsjerke noch in skoftke stean bleau om yn de Earste Wrâldkriich Belgyske flechtlingen op te fangen.
Yn 1975 ferneatige in grutte brân nei de restauraasje fan 1971-1975 it dak fan de tsjerke. De tsjerke waard renovearre en yn 1976 op 'e nij iepene. De folgjende restauraasje wie yn de jierren 2002-2003. Doe is de tsjerke safolle mooglik yn oarspronklike steat werom brocht.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn it heechalter binne oan wjerskanten fan it tabernakel de bylden fan de apostels Odulfus en Bonifatius opsteld. Op de doarren fan it alter yn iepen stân binne Redbad en Willibrordus ôfbylde. Op de efterkant fan de doarren fan it haadalter skildere de Greonterper Jacob Ydema yn 1941 Jezus yn de hôf en de Opstanning.
Sûnt 1935 sette Jacob Ydema útein mei it beskilderjen fan it ferwulft fan it koer. Te sjen binne û.o. foarstellings út de heilskiednis. Op de muorren fan de apsis oan wjerskanten fan it haadalter binne muzyk meitsjende ingels oanbrocht.
De 14 skildere staasjes fan 'e krúswei komme út de âlde tsjerke en waarden dêr yn 1880 ophongen. De staasjes binne makke troch it atelier Mengelberg út Utert.
De brânskildere ramen binne by de bou fan de tsjerke makke troch Frans Nicolas út Roermond.
Oargel
bewurkje seksjeYnearsten wie it doel om it oargel út de âlde tsjerke mei te nimmen. Dat wie al besteand oargel doe't it yn 1856 yn de âlde tsjerke boud waard. Oer de skiednis fan dat oargel is fierder neat bekend. It oargel út 1923 is boud troch de Bruorren Adema út Ljouwert. Adema's oargel rekke by de rân fan 1975 skeind en is dêrnei troch de de firma Elbertse restaurearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden muorre- en ferwulftskilderings
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|