Jacob Michiel Ydema
Jacob Michiel Ydema (Greonterp, 5 oktober 1901 - Winterswijk (Miste), 14 oktober 1990) wie in Nederlânske keunstskilder en glêzenier.[1]
Libben en wurk
bewurkje seksjeYdema studearre in jier lang Medisinen yn Grins en begûn dêrnei oan in stúdzje Dútsk dy’t er trije jier letter yn Amsterdam foltôgje soe. Ienkear yn Amsterdam oankommen skreau er him yn foby de tekenskoalle, in skoalle foar ûntwerpers yn de tún fan it Ryksmuseum. Dêr waard syn talint opmurken. By hege útsûndering mocht Ydema tuskentiids oerstappe nei de tichtby lizzende Ryksakademy. Under lieding fan de heechleararen Jurres en Bronner bekwame de jonge studint him de kommende jierren yn de skilder- en de byldhoukeunst.
Hy gie werom nei Fryslân, mar krige net folle opdrachten. De omslach kaam yn 1936 doe’t hy troch Machiel Visser, behearder fan de koloanje "Moai Gaasterlân" yn Riis frege waard om de kapel fan it koloanjehûs te skilderjen. Foar de Sint-Michaeltsjerke yn Wâldsein makke hy doe panielen dy’t lofts en rjochts fan it heechalter te sjen binne. Dy panielen stelle de kosmyske striid tusken it Goede en it Kweade foar. Foar de tsjinjende ingelen yn dizze foarstelling brûkte hy de gesichten fan de Wâldseinder roomske jongerein. Syn reputaasje as keunstskilder wie hjirmei setten. Soks kaam mei troch in befreone preester en keunsthistoarikus, Frits van der Meer, in jubeljende krityk skreau oer de skilderingen yn Wâldsein. Fan dat stuit ôf rûnen de opdrachten binnen en úteinlik hawwe in tritichtal tsjerken yn Nederlân wanskilderingen of brânskildere ramen krigen. It betreft dan benammen tsjerken yn it noarden fan Nederlân, lykas de Sint-Odulfustsjerke yn Bakhuzen en de Sint-Nikolaastsjerke yn Sint Nyk dy’t meardere brânskildere ramen en twa roasfinsters hat fan de keunstner. It wiene dizze ramen dy’t de tsjerke foar ôfbraak behoeden en der foar soargen dat de tsjerke ûnder monumintesoarch kaam. Mar ek op oare plakken, lykas yn Doetinchem, Apeldoorn en Breda, binne skilderingen fan Ydema te finen. Ek in tsjerke yn Jennings (Louisiana, USA) waard yn 1957 troch Ydema fan skilderingen en ramen foarsjoen. Dat wie ek de lêste opdracht dy’t hy akseptearre.
Hy gie werom nei de universiteit en studearre kulturele antropology yn Nymwegen en Leien. Hy spesjalisearre him op keunst en kultuer fan de Bataks op Sumatra. Om 1975 naam hy it pinsiel wer op. Lange dagen brocht hy troch yn syn atelier, wêrby’t hy benammen selsportretten skildere. Yn 1988 bejoegen syn eagen it foar it meastepart en gie Ydema opnij oan de stúdzje. Hy begûn oan in artikel oer de ikoanografy fan ier-Sineeske brûnzen en oare keunstfoarwerpen, wêryn hy parallellen seach mei de ikoanografy fan de Batak. Ta publikaasje is it net mear komd. Op 15 oktober 1990 ferstoar hy yn syn stúdzjekeamer. Hy waard begroeven yn Blauhûs.
Galery
bewurkje seksje-
Aartsingel Michael en de draak, Michaelstsjerke Wâldsein, 1937
-
Portret fan Hetty Dellemijn (ferloofde fan Jacob Ydema), 1944
-
Antonius fan Paduatsjerke (ynterieur), Nieuw-Dijk, 1947-1949
-
Vrouw met leeuw, 1952
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacob Ydema fan Wikimedia Commons. |