Byzantynske Ryk

(Trochferwiisd fan East-Romeinske ryk)

It Byzantynske Ryk, dat yn syn begjintiid ek wol it Eastromeinske Ryk neamd waard, wie in grut en machtich ryk yn it eastlike Middellânske-Seegebiet. It ûntstie as it eastlike part fan it Romeinske Ryk, dat nei de fal it westlike part (yn 476) noch mear as tûzen jier (oant 1453) yn stân bliuwe soe.

It Eastromeinske Ryk ûnder keizer Justinianus I tusken 527 en 565. De oranje gebieten binne tidens syn hearskippij herovere
It Eastromeinske Ryk yn 717 mei de komst fan de Arabieren

Hoewol't it Byzantynske Ryk yn frijwol alle opsichten in Gryksk ryk wie, hold men yntern oan 'e ein ta fêst oan 'e beneaming fan it 'Romeinske Ryk'. It Byzantynske Ryk waard, alteast op 'e Balkan en yn it Midden-Easten, beskôge as de wettige rjochtsopfolger fan it oarspronklike Romeinske Ryk (yn it westen foel dy posysje ta oan it Frankyske Ryk en letter oan it Hillige Roomske Ryk). Ek de sljochtwei ynwenners beskôgen harrensels as Romeinen (Rhomaioi), ek al sprieken se gjin Latyn mar Gryksk. Yn it offisjele ferkear bleau it Latyn noch oant de sânde iuw beholden, wêrnei't it ek dêr ferfongen waard troch it Gryksk.

Ek oanswettende lannen lannen en riken (lykas de Perzen en Arabieren yn it easten, Franken yn it westen, en Russen yn it noarden) neamden it Byzantynske Ryk 'Romeinsk', en it waard as in grutte mislediging beskôge om it ryk 'Gryksk' te neamen, omdat dat stie foar 'heidensk'. Sûnt de 17e iuw waard it ryk hieltyd faker (en tsjintwurdich frijwol allinnich noch mar) 'Byzantynsk' neamd. Dy oantsjutting komt fan 'e stêd Byzantium (letter Konstantinopel, no Istanbûl), dat de haadstêd fan it ryk wie. De ynfiering fan dy namme wie nedich om't histoarisy ûnderskied meitsje woene tusken it ryk út de Midsiuwen en dat út de Klassike Aldheid, dat yndied ek hiel oars wie.