Echte hûnen
De echte hûnen (wittenskiplike namme: Canini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûnen, wolven, jakhalzen, prêrjewolven en in stikmannich oare, minder bekende bistesoarten.
Echte hûnen | ||
De reade wolf (Canis rufus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | echte hûndieren (Cynoidea) | |
famylje: | hûneftigen (Canidae) | |
ûnderfamylje: | echte hûneftigen (Caninae) | |
tûke: | echte hûnen (Canini) | |
Fischer von Waldheim, 1817 | ||
Binnen de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen, dy't opboud is út trije tûken, ûnderskiede de echte hûnen har fan 'e echte foksen (Vulpini) en de grize foksen (Urocyonini) troch in breder ferskaat oan lichemsgrutte, in minder spitse snút en minder grutte earen. Echte hûnen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. Ien lid fan dizze tûke, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast holden húsdieren.
Tûke-opbou
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |