Evert (Eef) Brouwers (Swol, 9 maart 1939 - Eindhoven, 6 oktober 2018) wie in Nederlânsk bestjoerder, amtner, sjoernalist en nijslêzer.

Eef Brouwers
Eef Brouwers yn 2009
Eef Brouwers yn 2009
persoanlike bysûnderheden
echte namme Evert Brouwers
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1939
berteplak Swol
stoarn 2018
stjerplak Eindhoven
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist
aktyf as Nijslêzer, bestjoerder en foarljochter
offisjele webside
Gjin

Libben en wurk

bewurkje seksje

Brouwers waard yn 1939 te Swol berne as iennichst bern. Hy groeide op yn de stêd Grins en gie dêr nei de hbs. Hy studearre oan de Skoalle foar de Sjoernalistyk yn Swol en begûn syn karriêre as stedsferslachjouwer by de Nieuwe Provinciale Groninger Courant. Oant 1983 wurke er yn de sjoernalistyk by it Utrechts Nieuwsblad, it Nieuwsblad van het Noorden, dêr't er haadredakteur wie, de Regionale Omroep Noord en Oost en de Algemene Vereniging Radio Omroep. Dêrnei wie er presintator fan NOS Studio Sport en dêrnei nijslêzer fan it NOS Sjoernaal.

Yn 1983 waard Brouwers beneamd as direkteur fan de Philips Voorlichtingsdienst, in posysje, dy't er oant 1995 besette. Fan 1995 oant en mei 2004 wie er direkteur-generaal fan de Ryksfoarljochtingstsjinst. Yn dy kwaliteit wie er foarsitter fan de Voorlichtingsraad en ek de wurdfierder fan sawol it Keninklik Hûs as fan de minister-presidint. Yn dy tiid krige er te krijen mei de opskuor om ûnder oaren Jorge Zorreguieta, prinses Mabel en prinses Margarita. Brouwers waard opfolge troch Gerard van der Wulp.

By it Europeesk kampioenskip fuotbal 2004 wie Brouwers kommunikaasjeadviseur fan it Nederlânsk fuotbalalvetal (KNVB). Dêrnei hie er posysjes yn bestjoeren fan maatskiplike organisaasjes en yn advysrieden fan ûndernimmingen.

Underskiedingen

bewurkje seksje

Brouwers krige ferskate ûnderskiedingen: hy wie ûnder oare offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau, kommandeur yn de Oarder fan Leopold II (België) en eareboarger fan Thorn. Teffens waard him it Earekrús yn de Hûsoarder fan Oranje ferliend .

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Pepping, A. (2004, 18 desimber). Heer van stand in oliejas. Dagblad van het Noorden, s. 35.
  • Kerstens, R. (2009). Ik heb een denkbeeldige oliejas, waarlangs vervelende opmerkingen als waterdruppels afglijden. Tekst & Uitleg.