Eelkje Tuma (Ie, 18 maart 1966), is in yn Sweden wenjende skriuwster dy't yn it Frysk publisearret.

Eelkje Tuma
skriuwer
Eelkje Tuma
Eelkje Tuma
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 18 maart 1966 (51 jier)
berteplak Ie
wurk
taal Frysk

Eelkje Tuma waard berne te Ie. Se studearre kulturele antropology oan de Frije Universiteit yn Amsterdam, wat se ôfrûne mei in doktoraalskripsje oer Noardsweedske begraffenisrituëlen. Tuma wennet sûnt 1992 yn Sweden, tsjintwurdich yn Pajala, dêr't se muzykdosinte is en by in skoalle administratyf wurk docht. Se is troud mei de Sweedske auteur Mikael Niemi.

Tuma debutearre yn 1996 mei de roman Leafste lea, dy't giet oer hoe't in jonge frou har ûntwrakselt oan har famylje en eftergrûn. Yn 2004 krige Tuma yn it ramt fan it projekt Fryske Modernen in wurkbeurs fan it Fûns foar de Letteren foar it skriuwen fan in roman mei de wurktitel Paadwizer. De roman ferskynde yn 2009 by Utjouwerij Fryslân. Tuma, dy't harsels in stadige skriuwster neamt, waard by it ta stân kommen fan it boek begelaat troch de Fryske skriuwer Piter Boersma.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • 1996: Leafste lea (roman)
  • 2009: Paadwizer (roman)