Eilert Reinalda
(Trochferwiisd fan Elardus Reijnalda)
Elardus Augustini Reinalda (? - Langwar, 27 oktober 1610) wie in klassikus.
It wie de soan fan Auke Reinalda. By syn twadde houlik troude er mei Saek, dochter Sake fan Rinia, grytman fan West-Dongeradiel, en widdo fan Gale Hania. Yn 1584 wie er op de lândei yn Frjentsjer oanwêzich en tekene dêr de lêste ôfswarring fan Filips II. Hy wie deputearre dy't mei syn freonen Gellius Snecanus en Henricus Schotanus de Stichting fan de Fryske Hegeskoale befoardere. Wie heechlearaar Latyn en wolsprekkendheid yn Frjentsjer (1587 ), grytman fan Doanjewerstâl (1591) en kurator fan de Hegeskoalle (1604).
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|