Gale Hania
Gale Hania (Weidum, 13?? - Arum, 1380) wie de trettjinde potestaat fan Fryslân.

F.l.n.r Gale Hania, Sytse Dekama en Odo Botnia, potestaten fan Fryslân
Makker: Pieter Feddes fan Hârns
Makker: Pieter Feddes fan Hârns
De namme wurdt ek wol skreaun as Hanja, Hanya. Gale wie ôfkomstich fan de Hanya State noardeast fan Penjum, yn de gritenij Wûnseradiel. De wei lâns dizze state hjit tsjintwurdich de Hanialeane.
Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelen. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden nei Lúntsjerk werombrocht.
Fan it geslacht Hania binne trije ûndertekeners fan it Ferbûn fan de Eallju, nammentlik Jorryt, Otto en Leo Hania.
Sjoch ekBewurkje
- List fan hearskers yn Fryslân
- J. W. te Water - Historie van het Verbond der Edelen, Stik II, side 447 en 448.