Odo Botnia († 1399) wie neffens sechtjin iuwske skiedskriuwerij (en net altyd like betrouber) de fjirtjinde potestaat fan Fryslân en opfolger fan Gale Hania.

F.l.n.r Gale Hania, Sytse Dekama en Odo Botnia, potestaten fan Fryslân
Makker: Pieter Feddes fan Hârns

Neffens de 16e iuwske boarne wie Odo de soan fan Feicko Botnia, in ealman fan Marrum, dy't dêr op de stins Botnia wenne. Hy wie in neisiet fan de âlde Odo Botnia, dy't al yn it jier 900 yn Marrum in stins boude. Dy stins waard yn it jier 1708 noch bewenne troch Helena Botnia, as lêste fan de Botnia's.

Hy wie in dapper, ûnferfeard en "kloekmoedich" kriichsman, dy't mei syn sweager Jackla Jeppema skrik ûnder de Skieringers fersprate en dy't, holpen troch de likebruorren fan Foswert, troch moardzjen, baarnen en rôvjen, de Skieringers yn Westergoa in ferskuorrende protte neidiel tabrocht hat.

De skieringers Sytse Dekama en Gale Hania wienen nei sân jier tsjinst yn it bûtenlân by frjemde steaten weromkomd. By harren weromkommen fûnen se harren stinzen yn Weidum troch de fetkeapers ferwoaste. Dat wie de oanlieding foar it gefjocht op de Menamer mieden.

Op 18 augustus 1397 wie it gefjocht op de Menamer mieden tusken Marsum en Dronryp, dêr't Odo Botnia slim by ferwûne rekke. Hy waard letter opfolge troch Sjoerd Wiarda.

Yn dizze perioade wienen der swiere godstsjinstige twisten tusken de Skieringers en de Fetkeapers.