Elisabet Durks
Elisabet Durks ( East-Fryslân, ? - Ljouwert, 27 maaie 1549 ) wie in minniste martleresse.
Hja krige in goede opfieding yn kleaster Tienge by Leer yn East-Fryslân. Se waard finzen nomd foar ketterij en sluet har oan by de dopers. Se wennet dan yn Ljouwert by de anabaptiste Hadewych. Se lêst de bibel en leit dy út oan de gemeente en krijt sadwaande de namme 'leararesse'. Se is goed bekend mei Minne Simens en waard troch justysje earst foar syn frou hâlden. Ek by it ferhear en piniging hâlde se fêst oan har leauwensoertsjûging. Se stjert troch de drinkeldea.
Oer Elisabet is in novelle skreaun troch R. Schuursma: Van Elisabeth, die een begijntje was (Ynskedee, 1921)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|