Elle Smith
Ellen Elizabeth Smith (Ohio, 19 juny 1998) is in Amerikaansk fotomodel, sjoernaliste en de winneresse fan 'e Miss USA 2021-wedstryd.[1]
Smith waard berne yn Ohio as dochter fan in swarte heit, Samuel Clayborne, en in blanke mem, Lydia Smith. Har swarte foarâlden wiene slaven op in plantaazje yn Kentucky foardat se nei de Amerikaanske Boargeroarloch nei Ohio ferfearen.
Smith slagge yn 2016 foar har eksamens oan 'e Shawnee High School, dêr't se lid fan it koar, it muzykkorps, it follybalteam en de toanielferiening wie. Neitiid ferhuze se nei Lexington yn Kentucky om har yn te skriuwen oan 'e Universiteit fan Kentucky, en studearre yn 2020 ôf mei in bachelorgraad yn omropsjoernalistyk en as byfak politikology. Doe't se noch studinte wie, tsjinne Smith as fise-foarsitter fan 'e ôfdieling oan har universiteit fan 'e Nasjonale Feriening fan Swarte Sjoernalisten. Nei it beheljen fan har diploma, waard Smith in ferslachjouster by de pleatslike tillefyzjestjoerder WHAS-TV yn Louisville (Kentucky), dy't Súdlik Indiana binnen it metropoalgebiet Louisville fersloech.[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |