Elzen
De elzen (Alnus) binne in skaai yn 'e famylje fan 'e bjirken (Betulaceae).
It skaai bestiet út likernôch tritich soarten, dy't foarkomme op it Noardlik Healrûn. It binne fochtminnende leafbeammen, dy't bloeie foardat de blêden ferskine. Yn de Benelúks komme twa soarten fan natuere foar: de swarte en de grize elzen. De blêden lykje op dy fan de hazzenút. Se falle grien fan de beam en litte dêrom gjin hjerstkleur sjen.
De soarten binne ienhuzich en hawwe dêrom sawol manlike as froulike bloeiwizen. Dy wurde katsjes neamd. De manlike katsjes binne langrûn en hingje. De wyfkes binne aairûn oant langrûn en steane min ofte mear rjochtop. Nei befruchting groeie de wyfkekatsjes út ta griene, ribbele kegeltsjs. Dy rypje yn de hjerst ta saneamde ‘elzeproppen’’ neamd. Oare nammen binne ‘promkes, 'joadeprommen', 'soldateprûmkes’, ‘akers’, ‘ekers’ en ‘kûgels'. Sokke kegels sûnder sied kinne noch wol in jier oan 'e beam sitten bliuwe.
Namme
bewurkje seksjeDe namme 'els' is besibbe oan it Latynske wurd alnus, dat ek "els" betsjut, weromgeand op de stam *el-, wat "read" betsjutte soe, fanwegen de readeftige kleur fan âlder hout. It wurd els komt foar yn plaknammen lykas Elslo, Elzen, Elsene, Elshout, Elsloo en Elst.
Ekology
bewurkje seksjeElzenbeammen kinne fochtige omjouwings tige goed ferneare. Se steane dan ek gauris lâns it wetter of op sompige grûn.
Elzen libje yn mutualistyske symbioaze mei baktearjes út it skaai Frankia, dy't soargje foar de bining fan stikstof út 'e loft. Dizze libbensmienskip sit yn knoltsjes by de woartels. De knollen kinne wol sa grut wurde as in fûst. De elzen funksjonearje dêrom as grienbedonger. Nei it ôfseagjen fan in elzentûke komt nei fiif minuten in kleurferoaring dy't fariearje kin fan read oant brún. Dy kleur wurdt benammen foarme troch koalmonokside.
Elzehoantsje
bewurkje seksjeIt wichtichste blêditende ynsekt op elzen is de elzetuorre (Agelastica alni).
Applikaasjes
bewurkje seksjeElzen wurde ek, lykas de Italiaanske populier, yn houtwâlen lâns hôven plante. Trochdat de fruitbeammen yn de lijte steane, is der minder wyn- en stoarmskea oan de fruchten, wat de rispinge te’n goede komt. In hage groeit oant in beskate hichte, wêrnei't de beammen toppe wurde. Op Skylge waarden elzen plante yn elzenhagen om fjilden te beskermjen tsjin it stowende dúnsân. Yn kûlisselânskippen, lykas om Staphorst-Rouveen en yn it Westerkertier om Mearum hinne, is eins in 'elzekanaallânskip'. In protte kilometers oan elzerigen bepale de lange en smelle lânbouperselen dy't efter de pleatsen begjinne. Tradisjoneel wurde dizze singels om de sân jier kapt as kaphout. Krektas wylgenbeammen kinne elzenbeammen knotte wurde.
Gebrûk fan it hout
bewurkje seksjeElzenhout is sêft hout mei in rustige nerf en in readeftige (swarte elzen) of ljochtbrún/giel (grize elzen) kleur. It is ideaal foar houtfykwurk, sawol foar keunstwurken as foar gebrûksfoarwerpen lykas houten leppels en kommen. It wurdt ek faak brûkt foar de bou fan (benammen elektryske) gitaren.
It hout is bûtendoar net tige duorsum, mar ûnder wetter hat it in hast ûnbeheinde hâldberens. Elzen funderingspeallen waarden dêrom earder ûnder oare yn Amsterdam brûkt. Yn 'e tradisjonele meubelyndustry waard om deselde reden faak elzenhout brûkt by it meitsjen fan kastpoaten.
Elzenknoppen yn folksmedisinen
bewurkje seksjeNeffens âld folksleauwe binne elzenknoppen in effektyf middel tsjin reuma. Dêrfoar moatte de knoppen nei it ploaitsjen droege wurde, wêrnei't der tee fan makke wurde kin.[1]
Soarten en kultivars
bewurkje seksje- Italjaanske els (Alnus cordata)
- Japanske els (Alnus japonica)
- Wite els of grize els (Alnus incana)
- Alnus incana 'Aurea'
- Alnus incaca 'Laciniata'
- Swarte els (Alnus glutinosa)
- Alnus glutinosa 'Aurea'
- Alnus glutinosa 'Imperialis'
- Alnus glutinosa 'Incisa'
- Alnus glutinosa 'Laciniata'
- Japanske Kaukasyske els (Alnus × spaethii)
- Alnus × spaethii Spaeth'
Faria
bewurkje seksjeJohann Wolfgang von Goethe skreau it gedicht Der Erlkönig, toansetten troch Franz Schubert. De titel - Elzenkening - ûntstie troch in ferkearde oersetting út 'e Deenske tekst fan Johann Gottfried Herder: de oarspronklike tekst gie oer in elvekening.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|