Freedom from Religion Foundation

(Trochferwiisd fan Emperor Has No Clothes Award)

De Freedom from Religion Foundation ("Befrijing fan Godstsjinst Stifting") of FFRF is in Amerikaanske non-profitorganisaasje dy't fêstige is yn Madison, yn 'e steat Wiskonsin, en dy't 20.000 leden hat, ferdield oer alle fyftich Amerikaanske steaten. It is de grutste Amerikaanske nasjonale organisaasje fan ateïsten, non-teïsten en agnosten (al neame de leden harsels leaver "frijtinkers"), dy't himsels ta doel steld hat om 'e skieding tusken tsjerke en steat yn 'e Feriene Steaten te befoarderjen en de bredere befolking te ûnderrjochtsjen op it mêd fan ateïsme en oanbesibbe streamings, dy't oer it algemien yn it kristlike Amearika op in tige minne namme lizze.

Freedom from Religion Foundation
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FFRF
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. stifting
wurkmêd ● befoardering fd skieding
   tusken tsjerke en steat yn 'e F.S.
● jaan fan ûnderrjocht oer
   ateïsme
haadkertier Madison (Wiskonsin)
oprjochte 1978
tal leden 20.000
offisjele webside
www.ffrf.org

Aktiviteiten

bewurkje seksje

De FFRF waard oprjochte yn 1978 en kantet him fral oan tsjin 'e belestingfoardielen dy't der yn 'e Feriene Steaten besteane foar tsjerken en oare religieuze organisaasjes. It útdragen fan it eigen gedachteguod wurdt û.m. dien troch de útjefte fan in eigen krante, Freethought Today, en sûnt 2006 ek troch it programma Freethought Radio, dat op ferskate Amerikaanske radiostjoerders útstjoerd wurdt. De FFRF hat troch de jierren hinne, soms yn 'e mande mei ferskate oare lykstimde organisaasjes, rjochtsaken oanspand tsjin ûnderdielen fan 'e Amerikaanske oerheid dy't har neffens de FFRF net holden oan 'e yn 'e Amerikaanske Grûnwet fêstleine skieding tusken tsjerke en steat.

 
In boerd dat om 'e krystdagen hinne troch de FFRF yn it Steatskapitoal fan Wiskonsin pleatst wurdt.

Om in pear foarbylden te jaan: yn 2000 makke de organisaasje de gong nei de rjochter om 'e beëiniging fan in religieus ôfkickprogramma foar drugsferslaafden yn 'e finzenissen fan Wiskonsin te easkjen, dêr't finzenen faak oan twongen waarden diel te nimmen en dy't delkaam in temûke yndoktrinaasje mei it kristendom. Yn 2001 stapte de FFRF nei de rjochter om in ein te meitsjen oan 'e wyklikse bibelklassen op 'e legere skoallen yn Rhea County, yn Tennessee, dy't ferplichte wiene foar alle skoalbern en dêr't har leard waard dat de Bibel de letterlike wierheid is. En yn 2003 focht de organisaasje yn Montana de steatssubsidiëarring fan ferpleechwurk op kristlike basis oan. Yn alle trije neamde gefallen waard de FFRF troch de rjochter yn it gelyk steld.

De FFRF rikt fierders sûnt 1999 ek ien kear yn it jier oan ferskate lju in priis út, de saneamde Emperor Has No Clothes Award (de "Keizer Hat Gjin Klean-priis"). Dy priis wurdt takend oan promininte Amerikanen foar "planút sizzen wêr't it op stiet" oangeande de tekoartkommings fan it ferskynsel "godstsjinst". De Emperor Has No Clothes Award is alris wûn troch û.m. âld-wrakselder, âld-akteur en âld-gûverneur fan Minnesota Jesse Ventura, tillefyzjeprodusint Ted Turner, wittenskipper Richard Dawkins, it gûcheldersduo Penn & Teller, skriuwster Ursula K. Le Guin en politika Ayaan Hirsi Ali. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.