Epifanykatedraal (Jekaterineburch)
De Katedraal fan de Epifany (Russysk: Собор Богоявления Господня) wie in katedraal yn Jekaterineburch, Ruslân. De yn de jierren 1771-1774 boude katedraal waard yn april 1930 troch de anti-religieuze autoriteiten opblaasd. Tagelyk mei de Epifanykatedraal waard doe ek de Katarinakatedraal ferwoastge. Dêrmei rekke de stêd yn ien klap de meast yndrukwekkende monuminten kwyt.
Epifanykatedraal
Богоявленский собор | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1771-1774 | |
sloopjier | april 1930 | |
boustyl | Lette barok |
Skiednis bewurkje seksje
Yn 1745 waard ter ferfanging fan de ferfallen Katarinatsjerke by de bazar de houten Epifanytsjerke boud. De tsjerke waard foltôge yn 1747 en waard yn 1755 útwreide mei in kapel ta eare fan de apostels Petrus en Paulus. Yn 1770 waard de tsjerke ôfbrutsen en ferhuze nei de Himelfeartsheuvel, dêr't de tsjerke wer opboud waard as de Himelfearttsjerke (en yn 1792 plak meitsje moast foar de stiennen noch jimmeroan besteande Himelfearttsjerke).
Op 17 july 1771 waard nei de ôfbraak fan de houten tsjerke op it frijkommen plak de earste stien foar in nije twa ferdjippings tellende Epifanytsjerke lein, dy't yn 1774 ynwijd waard. Oarspronklik waard de tsjerke net as katedraal boud, dy status krige it pas yn 1833. Njonken de katedraal waard yn 1906 in monumint fan tsaar Aleksander II delset.
De ferneatiging fan de katedraal bewurkje seksje
Yn 1930 foel it beslút om de twa grutste otterdokske katedralen yn Jekaterineburch, de Katarinakatedraal en de Epifanykatedraal, te sluten, nei't de autoriteiten al stimming makke hie ûnder de ynwenners om dat doel te berikken. Ynearsten wie it de bedoeling om de katedralen oan te passen foar in oare funksje, mar lang om let waard besletten se op te blazen, sa't it frijkommen boumaterjaal foar oare doeleinen brûkt wurde koe. De lêste tsjinst yn de Epifanykatedraal waard op 16 april 1930 holden. In lyts tal saken koe foar de sloop noch út de tsjerke redden wurde om se ûnder te bringen yn oare tsjerken. Yn april 1930 folge de folsleine ferneatiging fan de tsjerke. It frijkommen boumaterjaal waard brûkt by de nijbou en de oanlis fan wegen.
It plein krige nei de sloop de namme Plein 1905 en op it plak fan de katedraal kaam earst in monumint foar Jozef Stalin en letter, yn de jierren 1950, yn stee dêrfan, in monumint foar Vladimir Lenin.
Diskusje oer de rekonstruksje fan de katedraal bewurkje seksje
Nei it útienfallen fan de Sovjet-Uny is it eardere katedraalgebiet net op 'e nij ynrjochte. Yn 2005 wiene der lûden om de katedraal te rekonstruearjen, benammen út de hoeke fan de Oeral-Kozakken. It útstel krige stipe fan ferskate organisaasjes. Tidens wurksumheden yn 2008 waarden der op it plak dêr't earder de tsjerke stie grêven ûntdutsen. Om't de fynst it wurk fertraagje koe woene it stedsbestjoer en it konstruksjebedriuw de grêven gau wer tadekke, mar de Tsjerke krige der weet fan en kaam yn aksje. De Tsjerke beskuldige de oerheid derfan it plein leafst sa gau mooglik wer klear hawwe te wollen mei it each op de hjir te hâlden feestlikheden yn it ramt fan de oansteande Dei fan Jekaterineburch. Argeologen sochten no fierder en fûnen yn in pear dagen tiid 50 grêven en tochten dat der by it parkearterrein noch sa'n 200 grêven leine. Nei oanlieding hjirfan ûnthiet de boargemaster dat it eardere katedraalgebiet foar de takomst beskermd wurde sil. Ek waarden de oansteande konserten en oare feestlikheden nei in oar plak ferpleatst.
Arsjitektuer bewurkje seksje
De yn blaue kleuren útfierde tsjerke waard yn de let-barokke styl boud. Tiidgenoaten merkten op dat de tsjerke wat wei hie fan de Petrus en Pauluskatedraal yn Sint-Petersburch. It bouwurk hie in lingte fan 55,5 meter, in breedte fan 25,6 meter en in hichte fan 40,5 meter. De klokketoer hie in hichte fan 66,2 meter en wie oant de bou fan de Grutte Zlatoûst (of Jehannes Krysostomustsjerke) yn de 19e iuw it heechste bouwurk fan Jekaterineburch. Mei in oerflak fan 180 m² joech de tsjerke plak oan likernôch 4.500 leauwenden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленский собор (Екатеринбург)
|