Grutte Zlatoust (Jekaterineburch)
De Grutte Zlatoust (Russysk: Большой Златоуст; Bolsjoi Zlatoust; ek: Grutte Krysostomus of de Tsjerke fan 'e Hillige Maksimiliaan), is in otterdokse tsjerke yn Jekaterineburch, Ruslân. De tsjerke waard sûnt 1847 boud en yn 'e tiid fan de Stalin ferneatige. Yn 'e jierren 2006-2008 fûn de weropbou plak.
Grutte Zlatoûst
Большой Златоуст | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Sverdlovsk | |
plak | Jekaterineburch | |
koördinaten | 56° 50' N 60° 36' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1847-1876; weropbou 2006-2008 | |
sloopjier | 1930 | |
boustyl | Russysk-Byzantynske styl | |
Webside | ||
bolshoi-zlatoust.ru |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1839 ferneatige in brân yn Jekaterineburch de klokketoer fan 'e Hillige Geasttsjerke. It wie ynearsten de opstet om de tsjerke te rekonstruearjen mei in nije klokketoer yn klassisistyske styl. Mar nei't inkelde oare ûntwerpen it net hellen, waard by de besteande Hillige Geasttsjerke in klokketoer boud, dy't ek as tsjerke tsjinst dwaan koe. Ynstee fan in aparte klokketoer waard de toer op 'e tsjerke sels boud. De bou duorre 29 jier en op 24 july 1876 wijde de biskop fan Jekaterineburch de twa alters fan 'e tsjerke.
Beide tsjerken bleaune yn gebrûk troch deselde parochy, de Hillige Geasttsjerke yn 'e winter en de Maksimilianustsjerke yn 'e simmer. Fanwegen de ûnbidige klok yn 'e toer, dy't yn de fiere omkriten te hearren wie, krige de nije Maksimilianustsjerke de bynamme "Grutte Zlatoust" (Grutte Krysostomus) en sa waard de âlde Hillige Geasttsjerke yn 'e folksmûle de Lytse Zlatoust neamd.
De tsjerke waard oan 'e martler Maksimilianus wijd, ien fan 'e sân sliepers fan Efeze. Sint-Maksimilianus is net in populêre hillige yn Ruslân, mar de kar foar dy hillige hie te krijen mei in besite fan hartoch Maksimiliaan fan Leuchtenberg oan Jekaterineburch. De hartoch wie in pakesizzer fan Napoleon I en troch syn houlik mei Maria Nikolajevna de skoansoan fan tsaar Nikolaas I. Maksimiliaan fan Leuchtenberg wie in wittenskipper en hy hie sels in lyts laboratorium yn it Winterpaleis. Njonken elektrisiteit wie de hartoch ek ynteresearre yn mineralen en om't er yn 1844 de lieding krige oer it Ynstitút fan de Mynboukunde moast hy doe ek nei Jekaterineburch en by de minen yn 'e Oeral del. Yn Jekaterineburch mochten de lju de hartoch wol lije en nei syn fertrek waard de tsjerke konsekrearre oan de nammehillige fan 'e hartoch, de hillige Maksimilanus.[1]
Nei de Oktoberrevolúsje waard yn 1920 it gebou troch de gemeentlike autoriteiten konfiskearre. De autoriteiten namen yn 1922 de weardefolle saken fan 'e tsjerke yn beslach; itjinge 745 kg. sulver en 234 kg. oan weardefolle stiennen opsmiet, dy't by de dekoraasje fan 'e ynrjochting brûkt wiene. Dêrnei joegen de autoriteiten de Grutte èn de Lytse Zlatoust oan de fernijers, in otterdokse beweging mei hast gjin oanhing yn Jekaterineburch, dy't troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke as kettersk beskôge waard en troch de bolsjewiken brûkt waard om de religy te bestriden.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe tsjerke is 32 meter lang en 24,5 meter breed en bekroand mei fiif sipels, wêrfan't de middelste de klokketoer ôfslút. Mei in oerflak fan 500 m² is der plak foar 2.750 leauwenden. It wie doedestiids it heechste bouwurk fan 'e stêd en de tsjerke soe neffens guon boarnen 77,2 meter heech west ha, lykwols by de weropbou die bliken dat dy hichte net kloppet en de echte hichte moat 65 meter west ha.
Oarspronklik hie de Grutte Zlatoust gjin ferwaarming en winterdeis waard de Lytse Zlatoust as tsjerke brûkt. Yn 1897 waard der lykwols in ferwaarmingssysteem yn 'e tsjerke oanlein. Ek krige de tsjerke doe in nij portaal. Yn 'e toer hongen 10 klokken mei in totaal gewicht fan 23,9 ton. De grutste klok hie in gewicht fan 16.625 kg. en hearde ta de grutste klokken fan it Russyske Ryk. De klok wie yn 'e fiere omkriten te hearren en fanwegen dy klok krige de Maksimiliaantsjerke de bynamme "Grutte Zlatoust" (Grutte Krysostom).
De sloop fan de beide tsjerken
bewurkje seksjeUnder it útfynsel fan brekfalligens waard de Hillige Geasttsjerke al yn 1928 sletten en ferneatige. In diel fan it ynterieur waard oerbrocht nei de Grutte Zlatoust, dy't dêrnei gewoan Zlatoust kaam te hjitten. Yn itselde jier moasten ek de klokken fan 'e Zlatoust ferwidere wurde, de autoriteiten woene nammenlik ha dat der by it lieden kâns wie dat stikjes stien op de ynwenners falle koene. Uteinlik, op 17 febrewaris 1930, by de de lannelike kampanje fan it sluten en ferneatigjen fan otterdokse tsjerken, waard de Grutte Zlatoust sletten en sloopt. De frijkommen bakstiennen waarden brûkt foar de bou fan publike foarsjennings en op it plak fan 'e tsjerke waard in plein ynrjochte mei in byld fan Lenin en Stalin. Yn 1956 waard dy byldegroep ferwidere, mar yn 1977 kaam op it eardere plak fan it alter fan 'e tsjerke in byld fan in lid fan 'e revolusjonêre beweging yn Jekaterineburch, Ivan Michailovitsj Malysjev.
Weropbou fan de Grutte Zlatoust
bewurkje seksjeOp inisjatyf fan it Mynbou-Metallurgysk Bedriuw fan 'e Oeral en de Russyske Koper Maatskippij en mei de stipe fan de oerheid en de Russysk-Otterdokske Tsjerke waard yn 2006 it beslút nommen om de Grutte Zlatoust wer op te bouwen. Mei help fan âlde tekeningen en ôfbylden waard yn 'e jierren 2006-2008 de tsjerke rekonstruearre. Dêrfoar moast it stânbyld fan Ivan Michailovitsj Malysjev oerbrocht wurde nei in oar plak. Op 14 oktober 2006 fûn ûnder lieding fan 'e aartsbiskop de plechtichheid plak foar it lizzen fan 'e earste stien. Yn augustus 2008 waard foar it earst de Godlike Liturgy fierd. Yn 2003 waard de tsjerke offisjeel iepene.
De klok dy't yn 2008 yn 'e Oeral getten waard hat in hichte fan 5 meter en in diameter fan 3 meter, is dekorearre mei de lêste keninklike famylje fan Ruslân en kin oant fiif kilometer fier heard wurde.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Большой Златоуст
|