Keninkryk Esseks
It Keninkryk Esseks (Est Seaxna) wie ien fan de sân tradisjonele Angelsaksyske keninkriken (Heptargy) fan Ingelân en waard om it jier 500 hinne stifte. It keninkryk Esseks bestie likernôch út it Esseks fan no, Hertfordshire en Middelseks. In grut stik skiednis fan Esseks leit yn it tsjuster. [1]. It langste skoft fan syn bestean, wie de kening fan Esseks ûnderhearrich oan in hear, de ferskate keningen fan Kent, Anglia of Mersia..[2]
It keninkryk waard yn it noarden begrinzge troch de rivier de Stour en it Keninkryk East-Anglia, yn it suden troch de rivier de Teems en it Keninkryk Kent, yn het westen troch it Keninkryk Mersia, en yn it easten waard de grins foarme troch de Noardsee.
It keninkryk Esseks wurdt foar it earst neamd yn in beskriuwing yn Beda syn Historia ecclesiastica gentis Anglorum oer de oankomst fan biskop (en letter hillige) Mellitus yn Londen yn 604. It boppeneamde gebiet hie teffens de twa eardere provinsjale Romeinske haadstêden Colchester en Londen. Foar in koart skoft tiid yn de 8e iuw omfieme it keninkryk Esseks ek it keninkryk Kent, mar yn 812 kaam it grutste part fan it keninkryk -mei Londen- sels ûnder de hearskippij fan it keninkryk Mersia, en waard it in hartochdom. Nei de nederlaach fan kening Beornwulf om 825 hinne kaam Esseks under hearskippij fan kening Egbert fan Wesseks. Yn 870 waard Esseks wer ôfstien troch Wesseks, by it Ferdrach fan Wedmore, oan it Keninkryk East-Anglia yn 'e Danelaw.
List fan keningen fan Esseks
bewurkje seksjeIt keningshûs fan Esseks woe hawwe dat sy ôfstammelingen wienen fan de god Seaksneat, de oare saksen beskôgen harren as ôfstammelingen fan de god Weda.
De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers fan Esseks (lykas by de oare hearskers yn de heptargy ek it gefal is) binne meast oannames.
# | NAMME | PERIOADE | Opmerkingen: |
1 | Aeskwine | 527 - 587 | |
2 | Sledda | 487 - 604 | soan fan Aeskwine |
3 | Saebert | 604 - 616 | soan fan Sledda |
4 | Seksred | 616 - 617 | soan fan Saebert |
5 | Saeward | 616 - 617 | soan fan Saebert |
6 | Sigebert I de lytse | 617 - 653 | soan fan Saeward |
7 | Sigebert II de goede | 653 - 660 | |
8 | Swithelm | 660 - 664 | broer fan Sigebert II |
9 | Sighere | 664 - 683 | neef fan Swithelm |
10 | Sebby | 664 - 694 | neef fan Swithelm |
11 | Sigeheard | 694 - 709 | soan fan Sebby |
12 | Swaefred | 694 - 709 | soan fan Sebby |
13 | Offa | 709 | soan Sigeheard |
14 | Saelred | 709 - 746 | |
15 | Swaefbert | 709 - 738 | |
16 | Swihtred | 746 - 758 | pakesizzer fan Sigeheard |
17 | Sigerik | 758 - 798 | soan fan Saelred |
18 | Sigered | 798 - 812 812 - 825 |
soan fan Sigeric hartoch fan Esseks (812-825) |
812 | Esseks behearske troch Mersia | ||
825 | Esseks behearske troch Wesseks |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |