Simmersliep

(Trochferwiisd fan Estivaasje)

In simmersliep of estivaasje (fan it Frânske estivation, fan it Latynske aestes, "simmer") is in steat fan djippe sliep dêr't guon bistesoarten yn weisakje as de temperatuer te heech oprint. Dizze steat is frijwol itselde as de bekendere wintersliep of hibernaasje, mei it ferskil dat in wintersliep yn 'e winter plakfynt en in simmersliep yn 'e simmer.

Eksimplaren fan 'e sânslak (Theba pisana) hâlde in simmersliep op in rige peallen fan in stek yn Súd-Austraalje.

In simmersliep wurdt net inkeld karakterisearre troch ynaktiviteit, mar ek troch fysiologyske feroarings yn it oangeande organisme. Foarbylden dêrfan binne in ferlege metabolisme, in stadiger klopjen fan it hert en in lichter sykheljen. It is dêrmei in steat dy't djipper is as gewoane sliep, mar ek wer net sa djip dat wekker wurden lang duorje moat. It doel fan in simmersliep is om skea troch hege temperatueren en drûchte te ûntrinnen en útdrûging te mijen. Ut ûndersyk fan fossilen hat bliken dien dat it ferskynsel simmersliep him nei alle gedachten ferskate hûnderten miljoenen jierren lyn foar it earst ûntjûn hat.

It hâlden fan in simmersliep komt foar by sawol bisten dy't op lân libbje as by guon wetterdieren. Foarbylden binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.