Rotsiikhoarntsje
It rotsiikhoarntsje (wittenskiplike namme: Otospermophilus variegatus), ta ûnderskie fan besibbe soarten ek wol it gewoane rotsiikhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e rotsiikhoarntsjes (Otospermophilus). Dit bist is lânseigen yn grutte dielen fan sintraal en noardlik Meksiko en yn 'e súdwestlike dielen fan 'e Feriene Steaten. It is ien fan 'e grutste iikhoarntsjesoarten fan 'e hiele wrâld. Rotsiikhoarntsjes binne foar it meastepart herbivoar en kinne lange tiid sûnder wetter. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.
rotsiikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Otospermophilus variegatus | ||||||||||||
Erxleben, 1777 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeIt rotsiikhoarntsje komt foar yn in grut oaniensletten gebiet yn Meksiko, dat likernôch it noardlik trijefearn fan it lân beslacht, mar dan sûnder de kuststripen en it Kalifornysk Skiereilân. Yn 'e Feriene Steaten komt dizze soarte foar yn hast de hiele steaten Arizona en Nij-Meksiko, mei dêropta westlik en sintraal Teksas, it uterste noarden fan 'e Teksaanske Panhandle, hast de hiele Panhandle fan Oklahoma, it uterste súdwesten fan Kansas, dielen fan súdlik, sintraal en westlik Kolorado, de eastlik helte en de westlike grinsrâne fan Utah, sintraal en eastlik Nevada en in lyts hoekje fan it súdeasten fan Kalifornje.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeIt rotsiikhoarntsje is ien fan 'e grutste leden fan 'e famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae). It hat trochinoar in kop-romplingte fan 26–29 sm, mei in sturtlingte fan 17,2–25,2 sm, oftewol likernôch 44% fan 'e totale lingte. It gewicht fan in folwoeksen eksimplaar bedraacht 600–850 g. De pels is op 'e rêch spikkelbûnt grizich brún, mar op 'e bealch giet de grizigens oer yn in brunich swarte kleur. De eagen binne grut en der sit in smelle râne omhinne dêr't de pels krêmkleurich is. De earen binne relatyf grut en puntich, en stekke rom boppe de kop út. De sturt is lang foar in grûniikhoarntsje, en skaait út nei in plomsturt.
Biotoop
bewurkje seksjeIt biotoop dêr't it rotsiikhoarntsje libbet, is foar it meastepart in aride gebiet, besteande út steppe, woastyn en/of rotsich berchtme.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeIt rotsiikhoarntsje is in grûniikhoartsje, wat betsjut dat er net yn 'e beammen libbet, mar ynstee in hoalestelsel ûnder de grûn graaft, dat faak hiel grut en kompleks is. Dat docht er mei de skerpe klauwen oan syn spierde foarpoaten. De hoalen jouwe de rotsiikhoarntsjes beskûl tsjin sawol de measte rôfdieren as waarsferskynsels, sadat se in plak hawwe dêr't se har mei in gerêst hert deljaan kinne. Ek brûke se it hoalestelsel as opslachplak foar fretten dat se sammele hawwe. De yngongen binne ornaris ferburgen ûnder rotsen.
Rotsiikhoarntsjes binne benammen aktyf yn 'e iere moarn en op 'e lette middei. As de temperatuer simmerdeis tige heech oprint, hâlde soms in skoft in simmersliep (estivaasje). Yn 'e noardlike dielen fan it ferspriedingsgebiet hâlde rotsiikhoarntsjes yn 'e kâldere moannen fan it winterhealjier in wintersliep (hibernaasje). Yn 'e (waarmere) súdlike dielen fan har areaal slane se de wintersliep faak oer.
It binne sosjale bistkes dy't yn koloanjes libje fan ferskate folwoeksen wyfkes en harren jongen, mei ien dominant mantsje dat syn territoarium op agressive wize ferdigenet tsjin ynkringing troch oare mantsjes. Healwoeksen mantsjes hingje soms by de râne fan sa'n groep om en wurde oer it algemien dulde salang't se gjin swierrichheden feroarsaakje foar it dominante mantsje. As der gefaar driget, warskôgje rotsiikhoarntsjes inoar mei in koarte, skerpe alaarmrop.
Rotsiikhoarntsjes bringe twa nêsten jongen yn it jier fuort, wêrby't de peartiid rint fan begjin april oant ein maaie en fan mids july oant ein augustus. De draachtiid duorret 30 dagen. It wyfke smyt sadwaande it earste nêst tusken ein april en ein juny en it twadde tusken mids augustus en ein septimber. Elts nêst omfettet 3–9 jongen, mei in gemiddelde fan 41/2. De jongen wurde mei likernôch 2 moannen ôfwûn. Se binne pas mei 1–2 jier geslachtsryp. Rotsiikhoarntsjes hawwe in libbensspanne fan trochinoar 9,8 jier, wat lang is foar kjifdieren.
Fretten
bewurkje seksjeIt rotsiikhoarntsje is benammentlik herbivoar, mei't er him fiedt mei blêden, stâlen en sied fan in ferskaat oan gerzen en krûden. Hy fret ek nuten, lykas ikels en dinne-apels, en de ripe fruchten fan meskiit (Prosopis), jeneverbeistrûken, agaves en kaktussen. Dat dieet folje rotsiikhoarntsjes oan mei dierlik iten, foar it measte besteande út sprinkhoannen, toarren, dauwjirms en oare wringeleazen, mar soms ek piken fan wylde kalkoenen en oar fûgelt. Ek kannibalisme is har net frjemd: soms frette rotsiikhoarntsjes har eigen jongen, en teffens romje se ies op fan deade soartgenoaten. Har drinken helje rotsiikhoarntsjes foar in oansjenlik diel út har fretten. Dêrom kinne se lange tiid, soms wol oant 100 dagen, sûnder wetter ta.
Se foerazjearje eltse dei. Dat dogge se net inkeld oer de grûn, sa't men fan grûniikhoarntsjes ferwachtsje soe, mar ek klimme se yn beammen en strûken sûnder dat se dêr muoite mei hawwe. It fretten dat se fine, ite se net allegearre daliks op. Ynstee sammelje se in oansjenlik diel om it werom te bringen nei de hoale. Dat dogge se troch it yn har wangpûden te stopjen oan wjerskanten oan 'e binnenkant fan 'e mûle, dy't tige grut binne en flink oprutsen wurde kinne. Ien ûndersiker hat ris 62 ikels fan 'e gambeliik (Quercus gambelii) út 'e wangpûden fan ien inkeld rotsiikhoarntsje helle. De foerazjeartripkes binne oer it algemien frij koart en duorje almeast net langer as 12 minuten foar't se wer op hûs oan geane. It measte foerazjearjen wurdt op 'e iere moarn dien om it hjitste part fan 'e dei te mijen.
Predaasje
bewurkje seksjeSels steane rotsiikhoarntsjes op it menu foar in grut ferskaat oan rôfdieren, wêrûnder de prêrjewolf, reade lynks, grize foks, waskbear, sulverdas en in protte ferskillende soarten slangen, rôffûgels en ûlen. Foar gruttere rôfdieren en fûgels sykje rotsiikhoarntsjes beskûl yn harren hoalen. Foar slangen, dy't gjin swierrichheden ûnderfine by it binnenkringen fan 'e hoalen, is dat gjin sinfolle strategy. Dêrom pakke de rotsiikhoarntsjes oanfallen troch slangen oars oan, troch te besykjen de slange mei skynoanfallen te yntimidearjen en fuort te jeien, en sels troch him te bekûgeljen mei stientsjeguod.
Rotsiikhoarntsjes ite, rêste en sinnebaaie faak op hegere plakken, lykas yn beamstrampels, op beamstobben of op rotsblokken. Sa kinne se ûnderwilens har om-en-by yn 'e rekken hâlde foar it gefal dat der in rôfdier op 'e loer leit.
Yn gebieten dêr't minsken wenje, foarmje ek húskatten (húsdieren en ferwyldere soartgenoaten) en hûnen in gefaar. De minske sels sjocht rotsiikhoarntsjes troch harren gegraaf en it oanfretten fan griente en fruit yn kokentunen en op ikkers faak as in pleachdier. Dat resultearret yn deadlike en net-deadlike foarmen fan opromming fan 'e bisten as skealik ûngedierte.
Status
bewurkje seksjeIt rotsiikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|