Panhandle fan Oklahoma

De Panhandle fan Oklahoma (Ingelsk: Oklahoma Panhandle), it "Panhânsel fan Oklahoma", is in ynformele en ûnoffisjele, mar faak brûkte beneaming foar de panhandle, oftewol it útstykjende noardwestlike diel, fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Dat gebiet is pas let by Oklahoma kommen te hearren, en de ynwenners binne fan betinken dat se yn Oklahoma altyd oan it krapperein kommen binne. Sadwaande bestiet der yn 'e Panhandle in sterke beweging dy't de krite fan Oklahoma ôfskiede wol om as selsstannige Amerikaanske steat fierder te gean. De Panhandle fan Oklahoma moat net betize wurde mei de Panhandle fan Teksas, it oangrinzgjende diel fan 'e steat Teksas.

De Panhandle fan Oklahoma (read) oanjûn op in kaart fan 'e steat Oklahoma.

It gebiet dat no de Panhandle fan Oklahoma foarmet, hearde iuwenlang ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje, oant dy yn 1821 ûnder de namme Meksiko ûnôfhinklik waard. Doe't yn 1836 de republyk Teksas him fan Meksiko ôfskate, waard de Panhandle fan Oklahoma ûnderdiel fan dat lân. Yn 1845, doe't it ûnôfhinklike Teksas troch de Feriene Steaten anneksearre waard, gie de Panhandle foar de trêde kear mei oer yn nije hannen.

 
Wolkomsboerd oan 'e grins fan 'e Panhandle fan Oklahoma mei Nij-Meksiko.

Om't Teksas lykwols as folweardige steat ta de Amerikaanske Uny tatrede woe, mar wegere om 'e slavernij ôf te skaffen, moast it ûnder it Kompromis fan 1850 alle lân boppe 36,3° noarderbreedte opjaan. Yn it Missoury-Kompromis, in earder sletten oerienkomst tusken it frije Noarden en it slavehâldende Suden fan 'e Feriene Steaten, wie nammentlik fêstlein dat der gjin slavernij bestean mocht boppe dy breedtegraad. Yn it Kompromis fan 1850 waard ek de eastgrins fan Nij-Meksiko fêstlein, en yn 1854 waard de súdgrins fan it Kansas-territoarium (dêr't doe ek Kolorado noch ta hearde) fêstlein. It resultaat wie dat der tusken dy trije grinzen in smelle stripe lân oerbleau dêr't nimmen oanspraak op makke, en dy't sadwaande bekend kaam te stean as "it Nimmenslân" (No Man's Land).

De Panhandle fan Oklahoma behold dy neutrale status fjirtich jier, fan 1850 oant 1890. Tsjin 'e 1880-er jierren setten blanke kolonisten út it Easten útein mei de kolonisaasje fan it gebiet, ek al wie it noch net opmetten troch lânmjitters yn tsjinst fan 'e Amerikaanske oerheid, wat ûnder de Homestead Act fan 1862 ien fan 'e betingsten foar de kolonisaasje fan nij lân wie. Tsjin septimber 1886 hiene de kolonisten yn it gebiet in selsbestjoerend steatsje foarme, dat se it Cimarron-territoarium neamden. De earste ferkiezings waarden holden op 4 maart 1887, en dêrby waard Owen G. Chase ta presidint keazen.

Under dy syn lieding waard it gebiet opdield yn fiif countys, trije senaatsdistrikten (mei trije senators út elts distrikt) en twa distrikten foar in hûs fan ôffurdigen (mei twa ôffurdigen út elts distrikt). By ferkiezings op 8 novimber 1887 waard de eigen folksfertsjintwurdiging keazen. It gebiet stjoerde twa kear in petysje nei it fiere Washington, D.C. ta om in offisjele territoriale status te bemachtigjen, en Chase reizge der sels hinne om dêrfoar te lobbyen, mar it Amerikaanske Kongres woe dêr neat fan witte. Der waard risselwearre om it gebiet yn te dielen by Kansas, mar úteinlik waard it yn 1890 oan it nije territoarium Oklahoma tafoege.

 
In lânkaart mei dêrop it grûngebiet fan 'e Republyk Teksas (1836-1845). Yn ljochtgiel it gebiet dat troch de Teksanen feitliken behearske waard en yn legergrien it gebiet dêr't se oanspraak op makken (wêrûnder de Panhandle fan Oklahoma); yn oranje it doetiidske grûngebiet fan Meksiko.

Yn 'e 1930-er jierren wie de Panhandle fan Oklahoma ien fan 'e slimst troffen gebieten ûnder de Dust Bowl, in perioade fan swiere stofstoarmen, feroarsake troch grûneroazje dy't wer in gefolch wie fan ûngaadlike foarmen fan lânbou op 'e Amerikaanske prêrjes. De Dust Bowl duorre hast tsien jier en droech yn oansjenlike mjitte by oan 'e slimmens fan 'e Grutte Depresje yn 'e Feriene Steaten. De Panhandle fan Oklahoma ferlear tusken 1930 en 1940 in grut diel fan syn befolking, mei't it lân ûnbebouber waard en de minsken fuortteagen.

De Panhandle fan Oklahoma is in stripe lân fan 267 km lang fan east nei west en 55 km breed fan noard nei súd, en wurdt omjûn troch de steaten Kansas en Kolorado (op 37° NB) yn it noarden, de steat Nij-Meksiko (op 103° WL) yn it westen en de steat Teksas (op 36,3° NB) yn it suden. Yn it easten sit it gebiet op 100° westerlingte fêst oan 'e rest fan Oklahoma. De Panhandle fan Oklahoma omfiemet trije countys, fan west nei east: Cimarron County, Texas County en Beaver County. De grins tusken Cimarron en Texas County leit op 102° westerlingte, en dy tusken Texas en Beaver County op 101° westerlingte.

 
De Panhandle fan Oklahoma bewesten Guymon.

De Panhandle fan Oklahoma hat in oerflak fan 14.728 km², wat grutter is as de noardeastlike steat Konnetikut, en delkomt 8,3% fan it grûngebiet fan Oklahoma. It lânskip is drûch en rûch, en beslacht hast it hiele diel fan 'e saneamde "hege prêrjes" dy't binnen de grinzen fan Oklahoma lizze. De Noardlike Canadian, dy't pleatslik bekend stiet as de Beaver River of de Beaver Creek, streamt troch it gebiet hinne. Ek de sândunen fan it Steatspark Beaver Dunes en it Optima Lake mei it Optima Lake Wyldreservaat lizze binnen de grinzen fan 'e Panhandle. It heechste punt is Black Mesa, yn Cimarron County, dat mei 1.516 m teffens it heechste punt fan hiel Oklahoma is.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie de Panhandle fan Oklahoma doe 28.751 ynwenners, wat delkomt op 0,77% fan 'e befolking fan Oklahoma. Sûnt 2000 hat der in befolkingsweromgong plakfûn fan 1,2% (of 361 minsken). It grutste plak yn 'e krite is Guymon, it haadplak fan Texas County, mar de ûnoffisjele haadstêd is Beaver, it haadplak fan Beaver County. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan 'e Panhandle oangiet, dy wie yn 2010 sa: 59,5% blanken; 35,9% Latino's; 1,2% Aziaten; 1,3% swarten; 1,2% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.