Panhandle fan Teksas

De Panhandle fan Teksas of de Teksaanske Panhandle (Ingelsk: Texas Panhandle), it "Panhânsel fan Teksas", is in ynformele en ûnoffisjele, mar faak brûkte beneaming foar de panhandle of it útstykjende noardlike diel fan 'e Amerikaanske steat Teksas. It beslacht de 26 noardlikste countys fan 'e steat, mar it wurdt net ta de krite Noard-Teksas rekkene, dy't fierder nei it súdeasten ta leit. De Panhandle fan Teksas moat net betize wurde mei de Oklahoma Panhandle, dêr't dizze krite yn it noarden oan grinzget.

De Panhandle fan Teksas (read) oanjûn op in kaart fan 'e steat Teksas.
In wynmotor op 'e flakten fan 'e Panhandle fan Teksas.

De Panhandle fan Teksas omfiemet neffens de measte definysjes de 26 noardlikste countys fan 'e steat Teksas. Der is lykwols in alternative definysje dy't ek in gebiet besuden dy 26 countys derta rekkenet. Dêrby leit de súdgrins fan 'e Panhandle dan op 'e tinkbyldige line fan 'e súdwestlike hoeke fan Oklahoma nei de súdeastlike hoeke fan Nij-Meksiko. Yn dit artikel sil lykwols fierders de inge betsjutting oanholden wurde, wêrby't it inkeld om 'e 26 noardlike countys giet.

Yn dy betsjutting beslacht de Panhandle fan Teksas in gebiet fan 66.884 km², wat delkomt op krapoan 10% fan it oerflak fan 'e steat Teksas. Yn it easten grinzget de Panhandle fan Teksas op 100° westerlingte oan 'e steat Oklahoma, yn it noarden op 36,3° noarderbreedte oan 'e Oklahoma Panhandle, en yn it westen op 103° westerlingte oan Nij-Meksiko. Yn it suden sit it fêst oan 'e rest fan Teksas. It gebiet heart ta de saneamde "hege prêrjes". It heechste punt leit op 1.440 m, en it leechste op 474 m. Oer it algemien is it gebiet, dat ta de Llano Estacado-heechflakte heart, tige flak, mei as grutste útsûndering de Palo Duro Canyon, it op ien nei grutste ravyn yn 'e Feriene Steaten, besuden Amarillo. De Panhandle fan Teksas is ien fan 'e fluchst groeiende wynenerzjyprodusearjende regio's yn 'e Feriene Steaten, fanwegen de hurde wyn dy't der hast altyd stiet.

 
De Palo Duro Canyon.

De 26 noardlikste countys fan Teksas, dy't de Panhandle foarmje, binne:

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie de Panhandle fan Teksas doe likernôch 428.000 ynwenners, wat delkomt op 1,7% fan 'e befolking fan Teksas. Dêrmei hat it gebiet 6,4 ynwenners de km². De stêd Amarillo is fierwei it grutste plak yn 'e krite. Oare gruttere plakken binne Borger, Canyon, Dumas, Hereford en Pampa. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan 'e Panhandle oangiet, dy wie yn 2000 sa: 68,9% blanken; 23,8% Latino's; 4,6% swarten; 2,7% oaren of fan mingd etnysk komôf. Dêrby joech 92,3% fan 'e ynwenners oan dat se yn 'e Panhandle berne wiene. Fierders wie 13,2% 65 jier of âlder, wylst 27,8% fan 'e befolking ûnder de 18 wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.