De dwerchsoeslik of it dwerchgrûniikhoarntsje (Latynske namme: Spermophilus pygmaeus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Spermophilus). Dizze soarte komt foar yn dielen fan Sintraal-Aazje en East-Jeropa, en omfettet fjouwer ûndersoarten.

dwerchsoeslik
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai grûniikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Spermophilus)
soarte
Spermophilus pygmaeus
Pallas, 1778
IUCN-status: net bedrige

Fersprieding en biotoop

bewurkje seksje

De dwerchsoeslik is in bewenner fan 'e steppes en healwoastinen fan westlik Sintraal-Aazje, oan 'e Aralmar ta, en it súdeastlike part fan East-Jeropa, dêr't er foarkomt op 'e Kaspyske Leechflakte, yn 'e Koeban en Dagestan, súdlik Ruslân en in grut part fan 'e Oekraïne (ynklusyf it skiereilân de Krim). Dwerchsoeslikken jouwe de foarkar oan gerslân dat net yn kultuer brocht is, mar komme ek wol foar oan 'e rânen fan greiden en yn berms, hoewol't se terrein mei tichte, opgeande begroeiïng mije. Yn heuvels en bercheftich gebiet komme se foar oant op in hichte fan 500 m.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De dwerchsoeslik hat trochinoar in kop-romplingte fan sa'n 23 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 4 sm. It liif is knobsk, de poaten koart en de sturt lyts en ticht behierre. De pels is ticht en brún-griis fan kleur, mei hjir en dêr okerkleurige en gielige plakken. De kop is dúdlik wat dûnkerder, wylst de sturt ljochter grizich fan kleur is, mei in bleek útein.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Dwerchsoeslikken binne oerdeis aktyf en libje yn koloanjes dy't foar it meastepart besteane út de inoar net oerlaapjende territoaria fan froulike eksimplaren. Se frette benammen griene planten, woartels en sieden. Yn tiden fan krapte ferfarre se soms nei gebieten dêr't mear iten foarhâns is. Se grave duorjende ûndergrûnske boargen om 'e wintersliep yn te hâlden en tydlike hoalen foar beskûl. Foar't se har deljouwe foar de wintersliep, stopje se alle yngongen ticht. Yn maart of april komme se wer foar 't ljocht en begjinne se har boarch te himmeljen en te ûnderhâlden.

Troch har gegraaf ûntstiet der in bulte opsmiten modder foar de yngong fan 'e boarch dy't soms wol 8 m yn trochsneed en 60 sm heech wurde kin. Yn it Russysk wurdt sa'n terpke in suslikovina neamd. De bisten meitsje der gebrûk fan om fanôf de top oer de fierders flakke steppe út te sjen. As se in bedriging gewaarwurde, uterje se in skerp sjongerich lûd en dûke se har hoale yn. Ein juny of yn july hâlde dwerchsoeslikken in simmersliep, en bytiden, fral yn tige drûge jierren, giet de simmersliep sûnder ûnderbrekking oer yn 'e wintersliep. Sadwaande binne se soms mar 80-100 dagen jiers aktyf.

De dwerchsoeslik plantet him mar ienris yn it jier fuort. It tal wyfkes dat dielnimt oan 'e fuortplanting fariëarret en is ôfhinklik fan it waar yn 'e peartiid en har fysike kondysje dy't fuorkomt út it al of net beskikber wêzen fan genôch fretten yn it foargeande jier. De smeten besteane by de dwerchsoeslik út 3-10 jongen. De populaasjedynamyk fan dizze soarte hâldt ferbân mei ferskate faktoaren, wêrûnder de waarsomstannichheden en mooglike feroarings yn it klimaat, de beskikberens fan genôch fretten en de natuerlike stjerte dy't by jonge eksimplaren ûnder de wintersliep faak frij heech leit.

De dwerchsoeslik hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat de fersprieding fan dizze soarte sûnt likernôch 1990 ynkrompen is, wat wierskynlik feroarsake wurdt troch klimaatferoaring mei wieter waar en wietere jierren. It is mooglik dat in ôfname fan feehâlderij en it dêrmei mank geande weidlânareaal datoangeande ek in rol spile hat.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 4 erkende ûndersoarten fan 'e dwerchsoeslik:

  • Spermophilus pygmaeus brauneri
  • Spermophilus pygmaeus herbicolus
  • Spermophilus pygmaeus mugosaricus
  • Spermophilus pygmaeus pygmaeus

De Kaukazyske berchsoeslik (Spermophilus musicus), dy't foarhinne ek as in ûndersoarte fan 'e dwerchsoeslik beskôge waard, wurdt no as in aparte soarte erkend.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.