European Pilot Selection & Training
European Pilot Selection & Training (Frysk: Jeropeeske Piloateseleksje en -Oplieding), meastentiids ôfkoarte ta EPST, is in Nederlânske loftfeartskoalle yn Utert en waard 1997 oprjochte. Tegearre mei de KLM Flight Academy wurdt EPST op dit stuit as de wichtichste piloate-oplieder fan Nederlân beskôge. In grut part fan har oardel jier duorjende fleanoplieding wurdt, ôfhinklik fan 'e kar dy't in studint makket, fersoarge troch de Britske loftfeartskoalle CTC Aviation of de Sweedske SAA. Allinnich it winnen fan nije studinten en it lêste part fan 'e oplieding wurdt troch EPST sels fersoarge.
Skiednis
bewurkje seksjeEPST waard 1997 oprjochte troch hjoeddeisk direkteur en earder Martinair-piloat Eric Duijkers. Hy wie alhiel net kontint mei de opset fan Nederlânske fleanskoallen en fûn dat it der in protte ferbettere wurde koe. Syn haaddoel wie om te spesjalisearjen yn it selektearjen fan nije piloaten, sadat it mooglik waard om al foar de oplieding de bêste 15 persint derút te fiskjen. Mei dy ynstek hat Duijkers syn EPST ta in ynternasjonaal wurdearre piloate-oplieder makke. Ferneamde loftfeartmaatskippijen lykas Transavia en easyJet nimme mar al te graach piloaten fan dizze skoalle oan.
Lang bestelde EPST it oplieden fan piloaten út oan CAE Oxford Aviation Academy, mar begjin 2015 waard dizze gearwurking opsein om fierder te gean mei CTC Aviation, de nûmer ien loftfeartskoalle fan Grut-Brittanje.
Seleksje
bewurkje seksjeImmen dy't it fleanen by EPST leare wol, moat net allinnich medysk goedkeurd wurde, mar ek yn trije seleksjefazen sjen litte dat hy of sy gaadlik is om nei de oplieding in piloat te wurden dy't foar grutte Jeropeeske loftfeartmaatskippijen, dêr't EPST kontrakten foar it leverjen fan piloaten mei hat, goed genôch is. In kandidaat mei gewoanwei mar ien kear oan 'e seleksje meidwaan, of it moat wêze dat EPST dy persoan in saneamd back-in-one-year-advys jout. Dat betsjut oer it algemien dat EPST dy kandidaat wol gaadlik achtet, mar him of har eins noch wat te jong fynt.
Hjirûnder stiet in oersjoch fan 'e trije seleksjefazen fan EPST:
Faze | Wat wurdt der skôge? | Wêrmei/troch wa? |
---|---|---|
1 |
|
COMPASS-test (Kompjûter) |
2 |
|
Boeing 737-simulator |
3 |
|
Twa EPST-selekteurs |