Exxxotica Fan Choice Award

De Exxxotica Fan Choice Awards binne in groep Amerikaanske publyksprizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Se besteane sûnt 2006 en wurde útrikt op 'e Exxxotica (ek wol it Exxxotica Expo neamd), in trijedeiske eroatyske fak- en publyksbeurs, dy't organisearre wurdt troch Victory Tradeshow Management. De Exxxotica kin him altiten foarstean litten op 'e oanwêzigens fan grutte nammen út 'e Amerikaanske pornoyndustry; sa is de beurs yn it ferline besocht troch Jenna Jameson, Tera Patrick en Ron Jeremy.

Exxxotica Fan Choice Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch Exxxotica-erotykbeurs
frekwinsje 1x jiers
plak Fort Lauderdale (Floarida)
ynsteld 2006
offisjele webside
exxxoticaexpo.com
Exxxotica Miami 2009.

De orizjinele en wichtichste ferzje fan 'e Exxxotica, yn Súd-Floarida, waard elts jier fan 2006 oant 2012 yn Miami Beach holden, mar ferhuze yn 2013 nei Fort Lauderdale. Fan 2008 ôf wurdt der ek in fariant (op in oare tiid fan 't jier) holden yn 'e steat Nij-Jersey, al wurdt dêrfoar yn 'e regel de ynkorrekte namme Exxxotica NY brûkt (mei't it deunby, mar net ýn New York is). Yn 2010 en 2011 waard der ek in ferzje fan 'e beurs holden yn Los Angeles, mar dat wie gjin súkses. Sûnt 2011 bestiet der wol wer in Exxxotica yn Chicago, sadat it evenemint op 't heden op trije plakken holden wurdt (Súd-Floarida, Nij-Jersey en Chicago).

Keppelings om utens bewurkje seksje

(in) Offisjele webside fan 'e Exxxotica

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.