Feike Sijbesma (Nieuw-Loosdrecht, 25 augustus 1959) is in Nederlânske topfunksjonaris.

Feike Sijbesma
Sijbesma yn 2017
Sijbesma yn 2017
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 25 augustus 1959
berteplak Nieuw-Loosdrecht
wurkpaad
berop/amt Topbestjoerder
jierren aktyf 1987-no
reden
  bekendheid
CEO by DSM
prizen sjoch tekst

Libben en wurk bewurkje seksje

Sijbesma waard berne as soan fan in fersekeringsagint. Hy studearre medyske biology oan de Universiteit Utert en bedriuwskunde oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Yn 1987 begûn er syn karriêre by Koninklijke Gist-brocades NV as strategysk planner by de difyzje Industrial Pharmaceutical Products. Trije jier letter waard er direkteur Marketing & Sales by dy difyzje.

Fan 1993 ôf, joech er lieding oan it ûnderdiel Savoury Ingredients en yn 1995 waard er beneamd as direkteur fan de difyzje Food Specialties, dêr't Savoury Ingredients ûnderwilens in businessunit fan wurden wie. Yn datselde jier kaam er oan by it Executive Committee fan Gist-brocades. Yn 1998, nei de oername fan Gist-brocades troch gemy-multinational Keninklike DSM NV, waard er direkteur fan de sakegroep DSM Food Specialties.

Yn 2000 kaam Sijbesma yn de Ried fan Bestjoer fan DSM. Yn 2002, 2003 late er de oername fan de fitamine- en fyngemydifyzje fan it Switserske farmasykonsern Roche. Yn de jierren dêrnei late er fan Bazel (Switserlân) út de yntegraasje fan de difyzje mei DSM, neist syn oare ferantwurdlikheden as bestjoerslid.

Sûnt 2007 is Feike Sijbesma bestjoersfoarsitter fan DSM. Yn febrewaris 2020 gie er ôf en waard er opfolge troch Geraldine Matchett en Dimitri de Vreeze. Hy wie 13 jier foarsitter en ûnder syn lieding transformearre DSM fan in grutte produsint fan bulkgemikalyen nei in oanbieder fan spesjalistyske materialen en fiedingsyngrediïnten lykas fitamines en fetsoeren. Nei't er by DSM weigie waard er op 1 maart 2020 mei-foarsitter mei Ban Ki-moon fan in FN-gearwurkingsferbân om klimaatferoaring oan te pakken. Fierder sil er it Africa Improved Foods-ynisjatyf liede, mei as doel om honger yn Afrika út te baljen.

Fan 26 maart 2020 oant yn twadde helte augustus fan dat jier wie Sijbesma - net betelle - spesjaal gesant foar it kabinet om ferskate aspekten om de koroanakrisis hinne regeljen. Hy rjochte him benammen op de opsjes dy't Nederlân hie foar koroanatesten en de beskikberens dêrfan; teffens wie er dwaande mei de beskikberens fan faksins.

Privee bewurkje seksje

Sijbesma is troud en hat twa soannen.

Oare funksjes bewurkje seksje

Neist syn bestjoersfoarsitterwêzen fan DSM beklaait Feike Sijbesma de folgjende funksjes:

  • Lid Ried fan Kommissarissen De Nederlandsche Bank (sûnt 2012)
  • Lid Ried fan Kommissarissen Unilever N.V. en PLC (sûnt 2014)
  • Lid algemien bestjoer CEFIC (Europeeske branche-organisaasje foar de gemimyske yndustr) (sûnt 2007)
  • Lid fan de Global CEO Council (GCC) fan de Sineeske People’s Association for Friendship with Foreign Countries (CPAFFC) (sûnt 2013)

Underskiedingen bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: