Ferdrach fan Mendota

(Trochferwiisd fan Ferdrach fan St. Peters (1851))

It Ferdrach fan Mendota, soms ek oantsjut as it (trêde) Ferdrach fan St. Peters, wie in ferdrach dat op 5 augustus 1851 yn Mendota, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota, sletten waard tusken fertsjintwurdigers fan 'e Amerikaanske oerheid en de opperhaden fan 'e Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen fan 'e Eastlike Dakota-Yndianen. De ûndertekening fûn plak te Pilot Knob, oan 'e súdlike igge fan 'e rivier de Minnesota, yn it sicht fan Fort Snelling, in basis fan it Amerikaanske Leger. Yn 'e tekst fan it ferdrach stie dat Mdewakanton en Wahpekûte harren tradisjonele wengebiet ôfstean soene oan 'e Feriene Steaten en teffens har oanspraken op in oansjenlik diel fan 'e rest fan súdlik Minnesota opjaan soene. Yn ruil foar $1.410.000 soene se har nei wenjen sette yn it Neder-Sû Yndianereservaat, oan 'e igge fan 'e Minnesota, deunby it hjoeddeiske plak Morton.

Troch it Ferdrach fan Mendota en it twa wiken earder berikte Ferdrach fan Traverse des Sioux, mei de Sisseton- en Wahpeton-stammen fan 'e Eastlike Dakota, kaam suver hiel súdlik Minnesota iepen te lizzen foar kolonisaasje troch de blanken. Trochdat it Amerikaanske Kongres neitiid unilateraal kêst 3 út 'e tekst fan it Ferdrach fan Mendota skraste (wêryn't fêststeld waard hokker lân yn súdlik Minnesota oft yn it besit fan 'e Yndianen bleau), droech dit ferdrach yn hege mjitte by ta it ûntstean fan 'e útsichtleaze sitewaasje dy't de Eastlike Dakota der goed tsien jier letter ta driuwe soe om wapenderhân yn opstân te kommen troch de Dakota-Oarloch fan 1862 te begjinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.