Ferlosserstsjerke (Jeruzalim)

De Ferlosserstsjerke (Hebriuwsk כנסית הגואל, Dútsk: Erlöserkirche, Arabysk الكنيسة اللوثرية) is in protestantsk-lutherske tsjerke yn Jerusalim. De neoromaanske tsjerke waard foar de Dútske keizer Wilhelm II yn de jierren 1893-1898 op it grûnplan fan de 11e iuwske krúsfarderstsjerke Santa Maria Latina boud.

Ferlosserstsjerke

כנסית הגואל

bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1928-1929
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
offisjele webside
Evangelisch in Jerusalem

De Ferlosserstsjerke stiet súdlik fan de Grêftsjerke yn it sintrum fan de alde stêd. Oan de noardlike kant fan de tsjerke rint it lêst stik fan de Via Dolorosa, dy't by de oanbuorjende Grêftsjerke einiget. Yn it easten rint de Suq el-Lahhanin, wylst súdlik de proasdij en de Maarten Lutherskoalle oangrinzgje. Westlik fan de tsjerke leit de bazaar en de foar de âlde stêd ûngewoan brede Muritanstrjitte.

Nei de reformaasje stelde Jeruzalim as beafeartsplak foar Europeanen net in soad mear foar. Dat feroare yn de earste helte fan de 19e iuw mei it ûntstean fan opwekkingsbewegings. Yn 1841 stiften Grut-Brittanje en Prusen in mienskiplik protestantsk bisdom Jerusalim, dat oant 1886 bestean bleau en doe opsplitst waard yn in Ingelsk en Dútsk bisdom. Kroanprins Friedrich III koe op syn trochreis om de iepening fan it Suezkanaal by te wenjen foar Prusen in stik grûn oernimme dat oan de eastlike kant fan de Muristan yn de kristlike wyk fan Jeruzalim lei. Op it noardlike ein fan dat stik grûn lei de ruïne fan de Santa Maria Latina. It wie ynearsten it doel om de midsiuwske tsjerke mei de konvintsgebouwen te rekonstruearjen, mar it fjoer foar it mienskikplike Ingelsk-Dútske bisdom dôve wat en de bouplannen bleaune sa de folgjende tweintich jier lizzen. Doe't it mienskiplike bisdom yn 1886 ûntbûn waard, kaam it Dútske jild foar de bou fan de tsjerke frij en mei de kroaning fan keizer Wilhelm II yn 1888 krige it plan wer in nije ympuls. Wilhelm II sette him ek bot yn foar de troch Friedrich Adler útfierde weropbou fan de Slottsjerke yn Wittenberg. Nei de ynwijing fan de Slottsjerke stjoerde de keizer it Wittenberger team nei Jeruzalim om dêr útein te setten mei de bou fan de Ferlosserstsjerke.

 
It tsjintwurdich ienfâldige ynterieur fan de Ferlosserstsjerke\\

Yn 1893 waard begûn mei de tariedings foar de bou fan de nije tsjerke. Fan de midsiuwske tsjerke wie net in soad oer, mar de lêste boudielen waarden renovearre. De noch besteande midsiuwske fûneminten wiene te swak om in nijbou te dragen en moasten hielendal op 'e nij oanlein wurde. Alhoewol't de Ferlosserstsjerke itselde grûnflak hat, leit de flier fan de tsjerke likernôch twa meter heger as dy fan de Santa Maria Latina.

De tsjerke waard yn neoromaanske styl boud mei in eastlike oriïntaasje. Fan de midsiuwske krúsfarderstsjerke waarden de noch restearjende romaanske boudielen yntegrearre yn de nijbou, lykas it noardlike portaal fan de tsjerke, it eardere haadportaal fan de Santa Maria Latina. De dekoraasje fan dat portaal stamt foar in part noch út de midsiuwen. De okerkleurige kalkstien foar de nije tsjerke wie ôfkomstich út de omkriten fan Jeruzalim.

De tsjerke is in trijeskippige basilyk mei in dwerskip. It middenskip is heger as de twa sydskippen en de krusing wurdt bekroand mei in koepel. Alle trije beuken einigje mei apsiden, wêrby't dy fan it middenskip djipper is as dy fan de sydskepen. De noardlike bûtenmuorren en de apsiden wurde troch lytse rûnbôgige finsters trochbrutsen. It measte deiljocht falt lykwols troch it roasfinster yn de westlike gevel en de acht finsters yn de tamboer fan de koepel.

It hjoeddeiske haadportaal yn it westen fan de tsjerke wurdt fersierd mei in medaljon mei it Laam Gods en de wapens fan de Hohenzollern en de Johanniter Oarder.

 
De keninklike optocht mei Wilhelm II en syn frou Auguste Viktoria nei de ynwijing fan de Ferlosserstsjerke yn 1898

De toer is in byldbepalend foar de skyline fan de âlde stêd fan Jeruzalim en wie it twadde ûntwerp fan Friedrich Adler nei't syn eardere ûntwerp foar de toer ôfkard wie. Yn de toer hingje trije klokken dy't getten binne troch Franz Schilling út Apolda. De slachtoanen fan de klokken binne op dy fan de Dormitio-tsjerke ôfstimd.

Op de reformaasjedei 31 oktober 1898 waard de tsjerke troch keizer Wilhelm II en keizerin Augusta Viktoria yn it ramt fan syn reis troch it Hillige Lân ynwijd. Wilhelm II wie de earste westlike hearsker yn de moderne tiid dy't oan Jerusalim in besite brocht. Om't it mooglik te meitsjen dat de keizer op it hynder rjochting tsjerke ried, moast der njonken de Jaffapoarte in trochgong yn de histoaryske stedsmuorre makke wurde. De preek foar de ynwijing gyng oer 1 Timotéus 2:5: Want der is mar ien God en ek mar ien Middeler tusken God en minsken: de minske Kristus Jezus dy't Himsels as lospriis foar allegearre jûn hat, itjinge ek de namme fan de tsjerke ferklearret.

De tsjerke waard yn de jierren 1970-1973 renovearre. Dêrmei waard de skea dy't de tsjerke by de Unôfhinklikheidskriich fan 1948 en de Seisdeiske Kriich fan 1967 oprûn ferholpen. Arsjitekt W. Krüger hie in soad op mei de moderne tsjerke-arsjitektuer en joech de foarkar oan in ienfâldich ynterieur. It histoarisme wie út de tiid en beheinings lykas monumintesoarch wiene der net en sa ferdwûn de kleurrike beskildering fan it ynterieur. Ek de preekstoel waard ferfongen en mei in diel fan it histoaryske tsjerkemeubilêr. Yn de apsis bleau allinne it mozaïek mei de holle fan Kristus bewarre.

It alter yn de apsis moast wike foar in nij alter ûnder de krusing. Ek de kantelen om de koepel boppe de fiering waarden ferwidere, mar dan mear omreden fan ynkringend wetter. Yn de oarloggen fan 1948 en 1967 wiene de measte brânskildere ramen ferlern gien. Se waarden ferfongen troch moderne glês-yn-lead ramen fan Anna Andersch-Marcus út Hamburch.

By de renovaasje fan 1970-1974 waard ek argeologysk ûndersyk útfierd. Untdutsen waard dat de tsjerke net lykas earder tocht op resten fan de stedsmuorre út de tiid fan Jezus stie. De dielen dy't út de tiid fan Jezus binne waarden as in tún oanlein, dy't eartiids bûten de stedsmuorre lei. Dêrmei wurdt de teory ûnderskreaun dat Golgotha dêr earne lein hat dêr't hjoeddedei de Grêftsjerke stiet. By de opgravings binne ek de resten fan de Santa Maria Latina renovearre.

It oargel waard yn 1971 troch Karl Schuke út Berlyn op in nije galery boud. It ferfong in ynstrumint út 1898 fan Ferdinand Dinse. Yn 1894 fûn der in útwreiding fan de disposysje plak. It hat hjoed-de-dei 21 registers op twa manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Erlöserkirche (Jerusalem)