Fermanje (De Jouwer)
De Fermanje oan de Midstrjitte is in mennistetsjerke op 'e Jouwer
Fermanje | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Midstrjitte 70-72 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1824 | |
offisjele webside | ||
Side gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe mennistegemeente op 'e Jouwer ûntstie healwei de 16e iuw. Nei't de twa ferskillende gemeenten yn 1817 by inoar kamen ûntstie der in grutte gemeente. Op it plak fan de besteande tsjerke oan de Midstrjitte moast doe in nije tsjerke boud wurde, dy't yn septimber 1824 yn gebrûk nommen waard.
Yn 1863 waard de tsjerke ferboud. Yn 1955 wie der in restauraasje.
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt tsjerkegebou waard efter de roailine boud. De neoklassisistyske trijesidich sluten sealtsjerke hat in tútgevel mei pilasters en in timpaan. It ynterieur wurdt dekt troch in tûneferwurf. De preekstoel komt út de 18e iuw.
Foar de trijesidich ôfsletten sealtsjerke is in plein dat ôffrede wurdt mei in smei-izeren stek. Op de tútgevel stiet in iepen koepelfoarmige dakruter mei in wynwizer yn de foarm fan in laam. It gebou hat grutte rûnbôgeramen.
Under it oargel stiet in iken kânsel dy't, krekt as de tekstbuorden, út de jierren 1750-1775 stamt. Boppe de tagong is in kreake.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel yn 'e tsjerke waard yn 1858 boppe de preekstoel boud troch L. van Dam en Soannen. It is opmerklik dat de kast fan it oargel deselde is as dy fan it Van Dam-ynstrumint fan de Lippenhúster tsjerke. De disposysje fan it oargel is yn 1979-1980 troch de firma Bakker & Timmenga yn de oarspronklike steat werom brocht. It oargel hat tsien registers ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|