Fernande Barrey
Fernande Barrey (Saint-Valery-sur-Somme, 9 jannewaris 1893 – Parys, augustus 1974), wie in Frânsk neakenmodel, dat ien fan 'e alderearste pin-upgirls waard. Hja wurke yn 't earstoan ek as prostituee, mar letter ûntjoech hja har ta keunstskilderesse.
Fernande Barrey | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
Fernande Barrey yn 1908. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Fernande Barrey | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 9 jannewaris 1893 | |
berteplak | Saint-Valery-sur-Somme (Frankryk) | |
stoarn | augustus 1974 | |
stjerplak | Parys (Frankryk) | |
etnisiteit | Pikardysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, prostituee | |
jierren aktyf | 1908 – 1917 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeBarrey waard yn 1893 berne yn Saint-Valery-sur-Somme, yn 'e Noardfrânske regio Pikardje. Omtrint 1908, doe't se sa'n fyftjin jier wie, rûn se fuort en gie se nei Parys ta, dêr't se harsels yn 't earstoan ûnderhold as prostituee. Dêrnjonken posearre hja ek as neakenmodel foar fotografen. Dy foto's, dy't sawol pikante plaatsjes omfiemje fan in leech útsnien dekolletee as ôfbyldings fan folsleine frontale neakens, makken Barrey ta de earste pin-upgirl fan 'e wrâld, en holpen ûnder de Earste Wrâldoarloch yn 'e rinfuorgen in protte soldaten troch minne tiden hinne.
Nei ferrin fan tiid begûn Barrey ek te wurkjen as keunstmodel foar in grut tal skilders, wêrûnder Jean Agélou, Amedeo Modigliani en Chaim Soutine. Dy lêste beprate har om ek sels in keunstoplieding te folgjen en keunstskiednis te studearjen oan 'e Skoalle fan de Skiene Keunsten.
Karriêre
bewurkje seksjeYn maart 1917 kaam Barrey yn it kafee La Rotonde, yn 'e Paryske wyk Montparnasse, yn 'e kunde mei de Japanske keunstner Tsuguharu Foujita, dy't daliks smoarfereale op har rekke en trettjin dagen letter mei har troude. Yn 1918 ferfear it pear tydlik nei Cagnes-sur-Mer om oan 'e Dútske bombardeminten fan Parys te ûntsnappen. Dêr brocht Barrey de tiid skilderjend troch en die se boppedat in protte freonen op. Sa krige se gedoente mei Jeanne Hebuterne, de breid fan 'e skilder Amedeo Modigliano. Doe't dyselde yn 1920 oan tuberkuloaze kaam te ferstjerren, besocht se om 'e nocht en treast de swiere Jeanne, dy't harsels úteinlik tekoart die.
Yn 1925 hiene sawol Barrey as Foujita relaasjes bûten har houlik mei lju fan beide geslachten. Nettsjinsteande harren iepen houlik ferjoech Foujita it Barrey net doe't se in affêre begûn mei syn folle neef Koyanagi, dy't ek skilder wie. Dêrop sleat er himsels trije dagen lang op mei de Belgyske keunstneresse Lucie Badoul, byneamd Youki, wylst Barrey op 't lêst wanhopich de Paryske mortuaria ôfrûn op 'e siik nei har man. Yn 1928 skieden Barrey en Foujita, wêrnei't Barrey har mei Koyanagi yn 'e Paryske keunstnerswyk Montmartre nei wenjen sette. Doe't ek dy relaasje yn 1935 útrekke, bettere de ferhâlding mei Foujita wer wat op.
Ferstjerren
bewurkje seksjeBarrey stoar yn Parys yn augustus 1974, yn 'e âlderdom fan 81 jier. Hja waard oan har dea ta finansjeel stipe troch Foujita.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|