Ferrizeniskatedraal (Staraja Rûssa)
De Ferrizeniskatedraal (Russysk: Воскресенский собор, Voskresenski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn Staraja Rûssa, Ruslân.
Ferrizeniskatedraal
Small>Воскресенский собор | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 57° 59' N 31° 21' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1692-1696 | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 5310128000 [1] |
SkiednisBewurkje
De katedraal waard yn de jierren 1692-1696 boud oan de rivier de Polist. Earder stie der op it plak in oan Sint-Jan wijde tsjerke, dy't yn de Tiid fan Unrêst ferneatige waard. De âlde toer waard yn de jierren 1797-1801 ferfongen troch in trije ferdjippings hege nije toer. Manlju út Tûla getten de acht klokken dy't yn 1811 yn de toer ophongen waarden.
De katedraal krige it hjoeddeiske oansjen yn de jierren 1828-1833, doe't it gebou grutter makke en yn Russysk-byzantynske styl ferboud waard. In pear jier letter waard de toer mei noch in ferdjipping ferhege. In lêste grutte restauraasje foar de Oktoberrevolúsje fûn plak oan it begjin fan de 20 iuw, doe't de fûneminten fanwegen fersakking en skuorren ferbettere wurde moasten.
Sovjet-tiidBewurkje
Lykas foar de hiele Russysk-Otterdokse Tsjerke briek ûnder bolsjewistysk bewâld foar de katedraal in drege tiid oan. Yn 1935 waard de katedraal foar de earetsjinst sletten. Sûnt 1937 waard it gebou oerdroegen oan in museum. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de katedraal brûkt as sikehûs. By de bombardeminten op de stêd yn 1944 rekke de katedraal slim skeind, mar nei de kriich dochs wer yn gebrûk nommen as bioskoop en pakhûs. Sûnt 1984 waard de tsjerke ferboud en troch it Museum fan it Noardwestlik Front yn gebrûk nommen.
WeromjefteBewurkje
Yn 1992 waard de katedraal werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en it museum ferhûze nei in oare lokaasje yn de stêd. Op 1 oktober 1993 waard de katedraal wer iepene foar de earetsjinst. Yn itselde jier krige de tsjerke wer acht klokken, dy't getten binne yn de Oeral. De tsjerke waard restaurearre en krige by dy restauraasje reade kleuren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенский собор (Старая Русса)
|