Staraja Rûssa (Russysk: Старая Русса) is in histoaryske stêd yn de oblast Novgorod, Ruslân. Yn de rin fan de tiid is it ynwennertal fan de stêd foars tebek rûn. Yn 1989 hie de stêd noch in ynwenntertal fan 41.548; yn 2022 noch mar 27.377 ynwenners.

Staraja Rûssa
Opstanningskatedraal
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Novgorod
Sifers
Ynwennertal 27.377 (2021)
Oerflak 18,54 km²
Befolkingstichtens 1477 ynw. /km²
Hichte 25 m boppe seenivo (sintrum)
Oar
Stifting 10e iuw (earste fermelding yn 1167)
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 57° 59' N 31° 21' E
Webside Webstee Staraja Rûssa

Staraja Rûssa leit likernôch 250 kilometer súdlik fan Sint-Petersburch en 99 kilometer súdlik fan de distriktshaadstêd Veliki Novgorod. De stêd leit oan de rivier de Polist. Staraja Russa is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme.

De stêd wurdt foar it earst yn 1167 yn de kroniken neamd ûnder de namme Rûssa (Руса) as ien fan de trije belangrykste stêden fan de Republyk Novgorod, mar de stêd moat earne healwei de 10e iuw stifte wêze. Sûnt 1478 waard de stêd ûnderdiel fan it Grutfoarstendom Moskou. Al yn de 13e iuw wiene der sâltwurken yn Rûssa. Letter koe de stêd him mei tank oan de hannelsrûte fan de Varjagen nei de Griken ek ta in hannelssintrum ûntjaan. Sûnt it midden fan de 16e iuw droech it plak de namme Staraja Rûssa (Старая Руса), dat as Ald-Rûssa oerset wurde kin.

De stêd waard yn 1608 by in Poals-Litouske oanfal foar in grut part ferneatige. De weropbou fûn in pear jier letter plak, mar Staraja Rûssa soe dy klap nea wer hielendal te boppe komme wat de hannel oanbelanget. In fjoersee lei yn 1763 de stêd yn 'e jiske. Der folge in weropbou neffens in nij strjitteplan mei stiennen hûzen. Wat letter, yn 1776, krige Staraja Rûssa stedsrjochten en waard de stêd ûnderdiel fan it gûvernemint Novgorod.

Oan it begjin fan de 19e iuw kaam der in ein oan de sâltwinning. Yn stee dêrfan waard yn 1828 in begjin makke oan de ûntjouwing fan Staraja Rûssa as kuerplak. De stêd krige yn 1858 oer de Ilmenmar in wetterferbining mei Novgorod en in tweintich jier letter ek in spoarferbining mei dy stêd.

Fan 1875 oant 1878 en 1880 wenne de dichter Fjodor Dostojevski yn Staraja Rûssa. Tsjintwurdich betinkt de stêd mei in museum en in monumint syn ferneamde ynwenner.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd fan augustus 1941 oant febrewaris 1944 troch de Dútske Wehrmacht beset. Pas mei it Leningrad–Novgorod offinsyf koe de stêd troch it Reade Leger befrijd wurde.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2022
Ynwenners 15.183 37.258 25.409 34.577 40.439 41.538 35.511 31.809 27.377

De komponist Sergej Rachmaninov waard yn 1873 by Staraja Rûssa berne en libbe dêr oant de ferhûzing fan de famylje nei Sint-Petersburch yn 1882.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Staraja Russa