Filipynske pappegaaido
De Filipynske pappegaaido (Treron axillaris) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Filipynske pappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron axillaris | ||||||||||||
Bonaparte, 1855 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Filipynske pappegaaido is in 28 sm lange do mei in grize foarholle en krún en in ljochtblauwe iris, helder giele rânen oan 'e dekfearren en slachpinnen, blaugrize poaten en in reade snaffelbasis. De doffer hat in kastanjebrune rêch, dy't by it wyfke grien is.
De fûgel is ien fan 'e seis soarten fan 'e Pompadour-groep, dy't foarhinne as ien soarte beskôge waarden. De griiskrúnpappegaaido (Treron phayrei) ûnderskiedt him fan 'e Filipynske pappegaaido om't dy gjin reade basis by de snaffel hat, in oranje flek op it boarst en reade poaten hat. De Yndiaaske pappegaaido (Treron affinis) hat likemin read by de basis fan 'e snaffel en de groubekpappegaaido (Treron curvirostra) hat reade poaten, in grutte neakene griene eachring en readbrune ûndersturtdekfearren.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Filipynske pappegaaido is endemysk op 'e Filipinen en hat fjouwer ûndersoarten.
- Treron axillaris amadoni: noardlik Luzon.
- Treron axillaris axillaris: súdlik Luzon, Polillo, Alabat, Catanduanes, Mindoro, Lubang .
- Treron axillaris canescens: eastlike Filipinen Visayas, Mindanao, Basilan.
- Treron axillaris everetti: de Sulu-eilannen (Bongao , Jolo , Sibutu en Tawitawi).
Status
bewurkje seksjeDe soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Alhoewol't de populaasje liket ôf te nimmen, giet dat noch net sa hurd. Dêrom wurdt de do troch IUCN op 'e Reade list as 'net bedrige' klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|