Fingaalsk
It Fingaalsk is in útstoarne taal dy't foarhinne yn in diel fan eastlik Ierlân sprutsen waard, en dy't nei alle gedachten ta de Noardwestgermaanske groep fan 'e Westgermaanske talen hearde. Mei it Ingelsk, it Skotsk en it krektlyk útstoarne Yola foarmet it de Angelsaksyske taalgroep. Der is net folle fan it Fingaalsk oerlevere.
Fingaalsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Fingal | |
lânseigen yn | Ierlân | |
tal sprekkers | – († ±1850) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Angelsaksysk ● Fingaalsk |
Taalgebiet
bewurkje seksjeIt Fingaalsk waard sprutsen yn 'e Fingal-regio fan eastlik Ierlân, de krite fuort benoarden en -noardwesten fan 'e Ierske haadstêd Dublin. Fingal, sûnt 1994 in selsstannige county, wie foarhinne de noardlike helte fan County Dublin, mei as súdgrins de rivier de Tolka. De namme komt fan it Ierske Fine Gall, dat "gebiet fan bûtenlanners" betsjut. Dy namme datearret nei alle gedachten fan 'e Iere Midsiuwen, doe't de Wytsingen delsettingen yn dizze krite stiften.
Skiednis
bewurkje seksjeKrekt as it Yola fan County Wexford, yn it uterste súdeasten fan Ierlân, ûntstie it Fingaalsk nei alle gedachten troch de fêstiging fan Ingelske kolonisten yn súdeastlik Ierlân yn 1169. Yn 'e fjirtjinde iuw wûn de Ierske taal dat gebiet lykwols werom op it Ingelsk, wêrby't twa taalenklaves, dy fan it Yola en it Fingaalsk, oerbleaune. Fan gefolgen moatte de kolonisten it kontakt mei Ingelân grutdiels ferlern hawwe, sadat harren sprektalen har yn it resultearjende relative isolemint yn in eigen rjochting ûntwikkelje koene.
Taalkundige Alf Sommerfelt hat it idee oppenearre dat it Midingelsk yn Fingal op in substraat fan Aldnoarsk telâne kaam, en dat it him dêrom oars ûntwikkele hat as it Angelsaksysk yn Ingelân, mar lettere ûndersikers hawwe gjin bewiis fan sa'n Noardgermaanske ynfloed fine kinnen. It Fingaalsk stoar om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne stadichoan út.
Oerlevering
bewurkje seksjeDer binne twa folsleine, langere teksten yn it Fingaalsk oerlevere, allebeide satiryske gedichten, te witten: it relatyf koarte Fingallian Dance en it folle langere Purgatorium Hibernicum. Beide gedichten binne anonym en wurde beskôge as in humoristyske parody op it Fingaalsk troch skriuwers dy't gjin memmetaalsprekkers wiene, wat har wearde yn taalkundich opsjoch beheind makket. Ferskate serieuzere fragminten binne ek bewarre bleaun, lykas it hjirûnder werjûne treurdicht dat in mem op it grêf sette fan har soan, dy't in fisker en jager wie. Dizze tekst waard as kuriozum oerlevere yn John Dunton syn Letters from Ireland. De wurden a roon en moorneeng binne lienwurden út it Iersk (fan a rúin en múirnín) en betsjutte beide likernôch "leafste".
Fingaalsk | Ingelsk | Frysk |
---|---|---|
Ribbeen a roon |
Robin my love |
Robin myn leafste |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |